Foar de simmer diene we, tegearre mei it Wrâlderfgoedsintrum Waadsee (WEC) yn Lauwerseach en literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse in iepen call foar ‘Dichten met een zeehond’. Underwilens binne der twa dichters selektearre: Anja Rockel en Laura Mijnders. Sy skriuwe de kommende moanne elk in gedicht oer harren relaasje mei in seehûn.

Addie en Kiko

Foar dit projekt folgje de dichters elk harren eigen seehûn by it WEC. Anja keas foar Addie, Laura foar Kiko. De ferdieling gie hast fansels: doe’t Laura fertelde dat se in rêstige, ûntspannen persoan is, begûn Kiko krekt op dat stuit wiid te gapjen. Sa wie de kar gau makke. Addie is libbendiger en beweechliker, mei mear gesichtsútdrukkingen.

Addie waard ôfrûne simmer fûn yn Noard-Hollân, Kiko op Flylân. Beide seehûnen binne sa’n twa moannen âld en meitsje it, nei in pittige start, yntusken nei omstannichheden goed.

Oer de dichters

Anja Rockel is dichter en boskwachter. Se ferhuze begjin dit jier nei Fryslân en observearret har omjouwing troch wurden. Har poëzy is in ekologyske praktyk dy’t siket nei besibbens tusken soarten. Rockel wurket dêrneist mei abstrakte kalligrafy, dêr’t skriuwen in fysike en fisuele died yn wurdt.

Laura Mijnders skriuwt poëzy, proaza en kollums. Yn har wurk begjint se faak mei sjen: ‘De eerste ontmoeting vertelt zelden het hele verhaal; juist in de herhaling ontstaat betekenis.’ Foar dit projekt hâldt se in seehûnedeiboek by, mei koarte sketsen, losse oantekeningen en lytse observaasjes.

Fan observaasje nei gedicht

De dichters wurkje oant en mei Dieredei (4 oktober) oan harren gedicht. Dêrnei sjogge we tegearre mei it WEC en Meet Me at the Lighthouse nei presintaasjemooglikheden. De gedichten wurde ek ynstjoerd foar it ynternasjonale projekt ‘What (not) to say on animals (in zoos)’ fan Heidelberg UNESCO City of Literature en online yn it Dútsk publisearre.

Oer de gearwurking

It Wrâlderfgoedsintrum Waadsee yn Lauwerseach is it nije thús fan Zeehondencentrum Pieterburen, dêr’t besikers it Waadgebiet ûntdekke kinne. Meet Me at the Lighthouse is in literatuerfestival op Skiermûntseach, dit jier fan 12 o / m 15 novimber. It tema is dan ‘Dwaalgasten’. De skriuwopdracht is in idee fan Heidelberg UNESCO City of Literature en past by it ynternasjonale netwurk fan 62 Cities of Literature dêr’t Ljouwert diel fan útmakket.