Tsjerk Bottema is ein desimber 2024 de nije einredakteur fan de Moanne, poadium foar keunst en kultuer yn Fryslân wurden. Hy folget Tialda Hoogeveen op. Tsjerk yntrodusearret himsels op de webside fan de Moanne:

Krúspunt

Ofswaaiend einredakteur Tialda skreau it al yn har ôfskiedswurdsje: de Moanne is in prachtich blêd, en it is echt pree dat Fryslân oer sa’n meartalich tydskrift beskikke kin, in algemien-kultureel opinyblêd, dat tagelyk in poadium is foar kultuer en keunst yn Fryslân is, yn de breedste sin fan it wurd. Dêrmei stiet De Moanne yn in tradysje, fan blêden lykas Frysk en Frij, De Strikel en net te ferjitten Trotwaer.