Hjoed, 24 febrewaris 2025, is it trije jier lyn dat Ruslân Oekraïne binnenfoel. Op dizze dei presintearret it Bleschunov Museum yn Odessa UNESCO City of Literature in oarlochsdeiboek. It is in grafyske roman oer twa katten dy’t yn in museum yn Odessa wenje en it ferhaal fertelle fan ‘e stêd, fan Oekraïne en fan ‘e oarloch. De graphic novel giet boppe alles oer de grûnslach fan elke maatskippij, nammentlik musea en kultureel erfguod.

Der is trije jier on it deiboek wurke, en no is ôflevering 1 oer it begjin fan de oarloch klear. De graphic novel no fergees online (yn it Ingelsk) te lêzen.

It konsept is fan Olena Iliasova, de yllustraasjes fan Maria Apriatova. It album ferskynt meikoarten ek yn in lytse oplage yn it Frysk en Nederlânsk. De priis is 10 euro, en de opbringst is foar it museum yn Odessa.