De Culturele Apotheek makket mei it projekt Samenlezen tegen eenzaamheid kâns op in Appeltje van Oranje 2024 fan it Oranje Fonds. Yn Fryslân hat de Culturele Apotheek mei Ljouwert City of Literature en de dielnimmende biblioteken, boekhannels en doarpshuzen 15 gearlêsgroepen. Hjir neame we it samenlezen Mei-inoar lêze.

Fan 22 maaie ôf is it mooglik om te stimmen op dizze en de oare kânshawwers. Der binne yn totaal 50 projekten yn de race foar de prestizjeuze prizen, dy ‘t alle jierren troch it Oranje Fonds útrikt wurde oan útsûnderlike sosjale projekten. Stimme kin oant en mei 31 maaie.

It tema fan de Appeltjes van Oranje is dit jier Eenzaamheid verminder je samen! Dat betsjut dat de prizen dit jier gean nei inisjativen dy ‘t deryn slagje minsken aktyf te belûken yn in maatskippij dêr’t gjinien der allinnich foar stiet.

Fynsto ek dat de Culturele Apotheek dizze priis fertsjinnet? Stim dan hjirûnder!