even fan minske ta minske
ik werken it as sletten wêze
yn dyn ferwûne sels, tige stil
raasto de muorren ta kearpunt
minske, sprekkend echobist, it leafst
hearst dysels yn de stim fan in oar
it leafst
Oerset troch Sytse Jansmaeven van mens tot mens
ik herken het als gesloten zijn
in je gewonde zelf, zeer stil
schreeuw je de muren tot keerpunt
mens, sprekend echodier, het liefst
hoor je jezelf in de stem van een ander
het liefst
person-to-person a moment
I’m familiar with that isolation
to your wounded self, so silent
you, screaming the walls to the brink
human, speaking, echoing beast, it’s best
to hear yourself in the voice of another
best
Oerset troch Preston Losack
Sytse Jansma (1980) wennet yn Harns en is twatalich skriuwer (Frysk/Nederlânsk) en byldzjend keunstner. Yn syn poëzij is meartalichheid in wichtich tema. Eksoatysk, byldryk en eksperimenteel binne skaaimerken dy’t faak fan syn wurk neamd wurde.
Sytse: Iensumens is wat dat elts minske yn syn libben oerkomme sil. It heart nammentlik by minsk-wêzen. Dus ek by my. Do fielst dy nutteleas en net sjoen. Do kinst dysels net mear spegelje yn de oar. Mar meidatst sa weromkeard bist yn dysels, kinst ek fine watst eins nea socht hast.
Gean nei de pratende stien en scan de QR koade om it ferhaal te lêzen en te beharkjen.
Blokhuisplein 40, 8911 LJ Leeuwarden, Nederland
Gerard Marcel de Jong (St.-Anne, 1979) is meertalighydskoördinator, belaidsadfiseur Europa, foorsitter fan ‘t Europeesk Buro foar Lytse Talen en skriver. Hij skriift foornaamlik in syn mimmetaal, ‘t Bildts. Syn roman ‘Blau fan dagen, griis fan ônrust’, de eerste roman in ‘t Bildt, worde bekroand met de Rink van der Veldepriis 2024.
Gerard: Wij hewwe allegaar met eensemens te krijen, en eensemens manifesteert him op wel dúzzend menieren. ‘t Gaat diep, is intym en persoanlik, en soa unyk as at elk mîns unyk is. Deur d’r over te praten, deur ‘t andacht te geven, kinne wij ‘t ontslútte, en fan ‘t persoanlike ‘t gemeenskaplike – en dus ‘t deelde – make.
Gean nei de pratende stien en scan de QR koade om it ferhaal te lêzen en te beharkjen.
Theatergezelschap Tryater, Oostersingel, Leeuwarden, Nederland
Anne-Goaitske Breteler (1996) groeide op oan de waaddyk fan Fryslân, dêr’t se ek no wer wenjend is. Se is skriuwster, podcasts – en tentoanstellingsmakker en jout lêzingen. Har wurk is meastal basearre op oral history en troch non-fiksje besiket se in brêge te slaan tusken stêd en plattelân, no en ferline.
Anne-Goaitske: Foar my is iensumens in emoasje dy’t sanar opkomme kin, mar ek sa maklik wer wei-ebje kin. It kin ek fielt wurde as der minsken om dy hinne binne; allinnich wêze is gjin betingst. Mar tagelyk helpt it as der minsken binne dy’t dy derút helje kinne, dy’t oan ‘e kant steane om dy út dy djipte te lûken.
–
Gean nei de pratende stien en scan de QR koade om it ferhaal te lêzen en te beharkjen.
Nieuwestad 59, 8911 CJ Leeuwarden, Nederland
Gerard Marcel de Jong (St.-Anne, 1979) is meertalighydskoördinator, belaidsadfiseur Europa, foorsitter fan ‘t Europeesk Buro foar Lytse Talen en skriver. Hij skriift foornaamlik in syn mimmetaal, ‘t Bildts. Syn roman ‘Blau fan dagen, griis fan ônrust’, de eerste roman in ‘t Bildt, worde bekroand met de Rink van der Veldepriis 2024.
Gerard: Wij hewwe allegaar met eensemens te krijen, en eensemens manifesteert him op wel dúzzend menieren. ‘t Gaat diep, is intym en persoanlik, en soa unyk as at elk mîns unyk is. Deur d’r over te praten, deur ‘t andacht te geven, kinne wij ‘t ontslútte, en fan ‘t persoanlike ‘t gemeenskaplike – en dus ‘t deelde – make.
Gean nei de pratende stien en scan de QR koade om it ferhaal te lêzen en te beharkjen.
Jimmy's Leeuwarden, Nieuweburen, Leeuwarden, Nederland
Iris Dicke (2005) is berne yn Ljouwert. Op it stuit wennet se yn Arnhim dêr’t se sûnt 2023 studearret oan de Arnhimske toanielskoalle. Se skriuwt benammen toanielteksten, dy’t sawol troch harsels as troch oaren útfierd wurde. Har wurk wurdt kenmerke troch in leafde foar lytsminsklike swierrichheden en absurdisme.
Iris: Iensumens hinget foar my gear mei skamte: de skamte datst dy allinnich fielst. De drompel om der oer te praten is heech. Dêrom fyn ik it sa moai dat Sprekende Stenen der is. Troch it ûnderwerp foar elkenien tagonklik te meitsjen, mei ferhalen fan minsken út de stêd, kinne we dy drompel lytser meitsje. Hooplik leveret it kuierjen fan de rûte in stikje sichtberens op!
Gean nei de pratende stien en scan de QR koade om it ferhaal te lêzen en te beharkjen.
Bagijnestraat 58A, 8911 DS Leeuwarden, Nederland
Anne-Goaitske Breteler (1996) groeide op oan de waaddyk fan Fryslân, dêr’t se ek no wer wenjend is. Se is skriuwster, podcasts – en tentoanstellingsmakker en jout lêzingen. Har wurk is meastal basearre op oral history en troch non-fiksje besiket se in brêge te slaan tusken stêd en plattelân, no en ferline.
Anne-Goaitske: Foar my is iensumens in emoasje dy’t sanar opkomme kin, mar ek sa maklik wer wei-ebje kin. It kin ek fielt wurde as der minsken om dy hinne binne; allinnich wêze is gjin betingst. Mar tagelyk helpt it as der minsken binne dy’t dy derút helje kinne, dy’t oan ‘e kant steane om dy út dy djipte te lûken.
Gean nei de pratende stien en scan de QR koade om it ferhaal te lêzen en te beharkjen.
Haniasteeg 47, 8911 BX Leeuwarden, Nederland
Dizze stien fynst links by de yngang fan Kunstruimte H47
Peter van Lier (1960) studeerde filosofie, maar ontwikkelde zich daarna vooral als dichter. In zijn gedichten vormen beelden en gedachten samen nieuwe perspectieven op het bestaan.
Peter: Voor wie eenzaam is, heeft de wereld geen zin of doel meer. Maar als je dat weet te accepteren, dan blijkt er een omslag in de ervaring mogelijk te zijn die van donkerte naar licht voert. Ik kwam deze ontwikkeling tegen in boeken, maar ook bij mensen om mij heen en bij mijzelf, vooral in mijn poëzie.
Gean nei de pratende stien en scan de QR koade om it ferhaal te lêzen en te beharkjen.
Smoel Kunstwerkplaats, Nieuwe Oosterstraat, Leeuwarden, Nederland
Dizze stien fynst oan de linker kant fan Smoel Kunstwerkplaats
Peter van Lier (1960) studearre filosofy, mar ûntwikkele him dêrnei benammen as dichter. Yn syn gedichten foarmje bylden en tiznen tegearre nije perspektiven op it bestean.
Peter: Foar wa’t him iensum fielt, hat de wrâld gjin doel mear. Mar ast dat witst te akseptearjen, dan blykt der in omslach yn de ûnderfining mooglik te wêzen dy’t fan tsjuster nei ljocht liedt. Ik kaam dizze ûntjouwing tsjin yn boeken, mar ek by minsken om my hinne en by mysels, benammen yn myn poëzy.
Gean nei de pratende stien en scan de QR koade om it ferhaal te lêzen en te beharkjen.
Beursplein 11, 8911 AN Leeuwarden, Nederland