Literatuerprojekt Sprekende stenen is nominearre foar de Vredeman de Vriespriis foar foarmjouwing 2024. Ineke van der Blom (ûntwerp / foarmjouwing) en Sytse Jansma (konsept) hawwe dit projekt yn opdracht fan Ljouwert UNESCO City of Literature ûntwikkele. De provinsjale priis wurdt dit jier op 11 desimber útrikt.
De sjuery hat út de ynstjoeringen fiif kânshawwers keazen, harren wurk is oant dy tiid yn Museum Joure te sjen. Lêzers fan de Ljouwerter Krante en besikers fan de eksposysje kinne stimme foar de LC-publykspriis.
Oer Sprekende stenen
Sprekende stenen is in literatuerprojekt oer iensumens, yn it sintrum fan Ljouwert. Mei dyn mobile telefoan kuierst in rûte tusken acht sprekkende stiennen (gevelstiennen) en in literêre moetingsbank. Troch de QR-koade by de stiennen te scannen, litst se sprekke.
Ut it sjueryrapport
‘Een project dat de openbare ruimte op een subtiele maar doordachte manier verrijkt. Vanaf het begin is duidelijk dat het project stevig verankerd is in zijn omgeving. Hoewel de vormgeving en de impact ervan op de omgeving bescheiden lijken, is er iets aan de eenvoud dat ontroert. Dit project weet in zijn bescheidenheid diepe verbindingen te leggen, zowel met de omgeving als met de mensen die de stenen tegenkomen.’
Oare nominearren
Njonken Sytse Jansma en Ineke van der Blom binne nominearre:
BW H Ontwerpers foar it ûntwerp fan Lost Voices yn opdracht fan Explore the North
Stern Nijland foar Het Dierendoodboek yn gearwurking mei útjouwerij Lemniscaat
Babke Dekker, Jos Blomsma en Johan van Gent foar de foarmjouwing fan TerpEnLand yn opdracht fan Terpenland, Stichting Aerden Plaats
Folkert van der Hoek foar presintaasjes en doarpsprojekten yn wurk – en presintaasjeromte Phlox.
Oer de priis en de sjuery
Hans Vredeman de Vries (Ljouwert, 1572 – Antwerpen, 1609) wie arsjitekt, planolooch, tekener, keunstner en keunsthistoarikus. Hy publisearre oer arsjitektuer, ornamentyk en perspektyf. Hy stiet bekend as grûnlizzer fan de Antwerpse Renaissance-styl, en wie dêrmei fan ynfloed op de West-Europeeske arsjitektuer. Hy jildt as skutspatroan fan Fryske ‘kreativen’. De Vredeman de Vriespriis wurdt it iene jier útrikt op it terrein fan foarmjouwing, it oare jier op it mêd fan arsjitektuer. De winner (ûntwerper én opdrachtjouwer) ûntfangt 5000 euro en in oarkonde.
De sjuery bestie dizze kear út Arnout Meijer (skriuwer, ûntwerper en produsint fan design, keunst en arsjitektuer), Bert Looper (histoarikus en publisist fan boeken en artikels oer keunst, design en skiednis), Debbie Wijskamp (ûntwerper en produsint fan hânmakke ynterieurprodukten, eigener fan atelierromte en galery), Lisa Sportel (ûntwerper en dosint grafysk ûntwerp en konsept oan Minerva) en Volken Vlas (ûntwerper en produsint fan byldzjend wurk en designprodukten).
Artistike kwaliteit, helberens, maatskiplike en ekonomyske relevânsje wiene kritearia dêr’t de sjuery har oardiel op basearre hat. Originaliteit fan it idee of ûntwerp, kwaliteit en brûkberens fan ûntwerp of produkt, duorsumens (fan konsept ta materiaalgebrûk) en de gearhing tusken dy eigenskippen spile boppedat in rol. De sjuery seach dêrby net allinnich nei it einresultaat, mar ek nei it ûntwerpproses en de gearwurking tusken ûntwerper en opdrachtjouwer.
Eksposysje en stimme
De eksposysje mei de nominearre projekten foar de Vredeman de Vriespriis foar foarmjouwing is oant en mei 11 desimber te sjen yn Museum Joure. Stimme foar de LC-publykspriis kin fia de QR-koade (yn de eksposysje) of hjir.
Sprekende stenen is in gearwurking tusken Studio Sytse Jansma, Kunstwerkplaats Ineke van der Blom en Ljouwert UNESCO City of Literature en Mei tank oan: gemeente Leeuwarden, Over de Drempel, Arcadia, Humanitas Ljouwert, NHL Stenden Hogeschool en provinsje Fryslân.
Foto’s: Natalia Balanina en Sytse Jansma