It Historisch Sintrum Ljouwert en Tresoar hawwe in boekje útjûn mei in kuier- en fytsrûte dy’t de spoaren fan Piter Jelles Troelstra yn en om Ljouwert bydel giet.

De rûte fiert troch it sintrum fan Ljouwert en nimt de fytser/kuierder ek mei nei Stiens en Grou, dêr’t wenhûzen en plakken dêr’t Troelstra wurke of polityk aktyf west hat sintraal stean.

It boekje is foar 2 euro te keap by it HSL en Tresoar of fergees te downloaden.