Good Monday, colleagues. During yet another air alert in Ukraine, I am writing to you about a joint project proposal. Please send us a photo of a place, object or item from your city that symbolizes independence or freedom for your city. With this photo, we ask you to add a story that explains why this place, object or object symbolizes independence or freedom for your city.
With best regards Bogdana
UNESCO City of Literature Lviv yn Oekraïne stelde de kollega-Cities of Literature boppesteande fraach. Ut Ljouwert wei stjoerden wy in foto fan stânbyld De Koerierster en ûndersteande tekst.
De Koerierster
Offisjeel hjit dat lytse figurative brûnzen byldsje ‘Fytsend famke yn de lêste oarlochswinter’. It is makke troch byldhouster Tineke Bot (1945) en waard yn 1981 pleatst yn de Prinsetún, yn it sintrum fan Ljouwert. It stiet foar de (fyts)tochten dy’t yn de hongerwinter (1944-1945) makke waarden nei it Fryske plattelân op syk nei iten. De anonime skinker skonk it byld út tankberens foar de froulju en famkes dy’t yn de lêste Oarlochswinter soargen foar de itensfoarsjenning. Yn de folksmûle stiet it byld bekend as ‘De Koerierster.
In koerierster stie yn de Twadde Wrâldoarloch bekend as ‘postrinner fan it ferset’. Yn dy tiid waarden koerierstsjinsten foar it ferset (itensbonnen, falske identiteitsbewizen, wapens) foaral troch jonge froulju útfierd. Sy koene har ommers makliker bewege en ferpleatse as jonge manlju, dy’t elk momint en oeral oppakt wurde koene. De koeriersters wiene in tige wichtich symboal foar it ferset yn Nederlân yn de Twadde Wrâldoarloch.
De foto’s en ferhalen út Cities of Literature Odesa, Quebec, Exeter, Nottingham, Yassie, Puchon, Ljubljana, Ljouwert, Milaan, Tartu en Toucums binne ferwurke yn in útstalling op it plein foar de Ivan Franko Universiteit yn Lviv.