Mei-inoar genietsje fan ferhalen makket it deistige liben riker, en út ûndersyk hat bliken dien dat literatuer heilsum is. Dêrom sille Ljouwert City of Literature en de Culturele Apotheek gearwurkje om mear minsken yn Fryslân genietsje te litten fan moaie ferhalen en gedichten út de wrâldliteratuer. Dat dogge wy yn it projekt Mei-inoar lêze: yn hiel Fryslân sille wy fan jannewaris 2024 ôf mei-inoar lêze. We binne op syk nei lêsbegelieders!

Mei-inoar lêze is gjin klassike lêsklup of boekeklup. Elkenien kin meidwaan en tarieding of foarkennis is net nedich. De teksten wurde op it plak sels útdield en lûdop foarlêzen.

Hâldst fan lêzen en bringst graach minsken byinoar? Bist in sfearmakker dy ‘t goed harkje kin? Tinkst datst goed in groepspetear liede kinst of soest dat leare wolle? Wurd dan lêsbegelieder by Mei-inoar lêze.

Wy sykje lêsbegelieders yn hiel Fryslân. Yn totaal wurde der 36 lêsbegelieders traind. Frysk ferstean, lêze en prate kinne is in pré.