Op woansdeitejûn 3 novimber set de Skriuwersfakskoalle útein by Tresoar yn Ljouwert. De Skriuwersfakskoalle is opsetten troch Schrijversvakschool Groningen, Tresoar en Ljouwert UNESCO City of Literature.

Alle plakken foar it earste lesblok Skriuwtechniken, jûn troch skriuwdosint Welmoed Wijma, binne fersein. De lessen binne op woansdeitejûn fan 18:45 oant 21:45 oere by Tresoar yn Ljouwert (ûnder foarbehâld fan feroarings): 3, 10 en 24 novimber; 1, 15 en 22 desimber 2021; 12 en 19 jannewaris; 2 en 16 febrewaris; 2 en 16 maart 2022.

Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de taal, oer de tekst, learst inoar op goede wize kommentaar te jaan. Bist diel fan de kultuer fan de skoalle.