Alle seizoenen bringe wy yn gearwurking mei in dichter, byldzjend keunstner en boekhannels in poëtyske boekelizzer út. Dêrop fynst alle seizoenen fan it jier in nij skreaun Frysk gedicht en ek in nije yllustraasje.

Op de boekelizzer dy’t heart by de simmer fan 2023 stiet byldzjend wurk fan Janine van Zeeland: Zomer, en in gedicht fan Iris Dicke: Seizoenswissel, oersetten nei it Frysk troch Syds Wiersma.

Krijst de boekelizzer kado by oankeap fan in boek by dielnimmende boekhannels:
alle winkels fan Van der Velde Boeken yn Fryslân, Boekhandel Muizelaar Koudum, Het Boekhuis Boalsert, Het Boekhuis Warkum, Boekhandel Planteyn de Gordyk, Boekhandel Burgum, Kinderboekwinkel De Toverlantaarn, Bruna Grou, Boekhandel Friso Akkrum, Bruna Surhústerfean, Bruna Snits, Bruna Kollum, Boekhandel IJlstra Drachten, Bruna Stiens, Bruna Easterwâlde en by de boekhannel fan de Afûk yn Ljouwert.