Yn petear mei skriuwer Lex Paleaux - Leeuwarden City of Literature

Fan skriuwer, (radio)kollumnist en senarist Lex Paleaux (1977) ferskynde dit jier syn fierder roman, Als de dood zucht, houd ik mijn adem in. Mei kompassy en humor beskriuwt er de libbens fan acht jongeren yn in psychiatryske jeugdklinyk. Hoewol’t Paleaux foar dit ûnderwerp mear as royaal út eigen ûnderfining putte kin, wurde syn romans nergens swier. Hy berikt dan ek in hieltyd grutter publyk mei syn wurk. Syn debút Winterwater ferskynt meikoarten yn it Frysk by útjouwerij Noordboek en de teäterferzje derfan giet yn jannewaris 2024 yn premjêre. Wy sochten Lex op yn syn wenplak Haarlim.

Tekst en foto: Marc Knip

‘Dat der skielk in Winterwetter ferskynt, rekket my hiel djip’

Wannear begjinne dyn oantinkens oan boeken?

‘As bern wenne ik sawat yn ’e biblioteek en ferlear ik mysels hielendal yn it lêzen. Dat begûn mei strips as De wondersloffen van Sjakie en dêrwei gie it nei Thea Beckman, Evert Hartman, alles fan Lemniscaat. Ik ha hiel lang tocht dat Lemniscaat de skriuwer wie. Dy man is goed, tocht ik.’

Wat betsjutte boeken foar dy?

‘Ik ha in frij heftich libben hân en wie ek in skoft dakleas, ik wie in jier as trijentweintich. Ik libbe op strjitte yn Amersfoort en die putsjes om yn myn libbensûnderhâld te foarsjen. Op in bepaald stuit joech ien my as beleanning in boekebon. Ik wie razend, wat moast ik dêr no mei? In tiid letter seach ik by in kiosk it boek Ik omhels je met duizend armen fan Ronald Giphart stean. De titel spruts my geweldich oan en de boekebon kaam yn ’t sin. Ik kocht it boek en ûnder it lêzen tocht ik: wow, sa kin it dus ek. Dit wie hiel oars as de boeken dy’t my heugen fan ’e lêslist op skoalle. Ik fielde foar it earst: miskien kin ik dat ek wol. It moaie is dat Giphart it foarwurd fan myn tredde roman Vlo skreau. Fan doe ôf mocht ik my fan mysels ek echt auteur neame. Ik ha de boekebonjouwer ferline jier besocht op te spoaren, hy hat gjin idee wat er foar my betsjutten hat. Spitigernôch ha ik him net fûn.’

Nei dy ûnderfining bist begûn te skriuwen?

‘Ja, it hat noch even duorre, mar ik ha mysels op in bepaald stuit ynskreaun by in skriuwersfakskoalle. Moast in ferhaal ynstjoere om talitten te wurden. By de beoardieling derfan sieten wy mei in man as tolve byinoar en de dosint sei: der is ien stik dat ik foarlêze woe. Hy begjint en ik tink, ferdomd, dat is myn ferhaal. Ik wie yn ’e wolken en seach it begjin fan myn skriuwerskip al foar my. Nei it lêzen fan ’e lêste wurden sei de dosint: dit is dus kleare rotsoai. Ik woe it leafst oplosse yn it neat. Ik gûlde. Nei de les naam er my gelokkich apart en sei: “Begryp my net ferkeard, hjir mankearret fan alles oan, mar wat ik myn learlingen graach meijaan wolle soe, is net wat datst leare kinst, en dat sit allegear wól yn dit ferhaal. Elke sin fret ik op, ik rûkt gers dêr’tst oer skriuwst, hear de wyn troch de beammen waaien en dyn karakters komme ta libben. Do moatst no earst meters meitsje.” En dat ha ik dien.’

Do beriktest dyn earste publyk mei dyn kollums en waardst benadere troch in útjouwer, dy’t se publisearje woe. Do wiisdest se derop datst in foltôge roman op ’e planke lizzen hiest. Hoe siet dat: wie it wol de bedoeling dat dy publisearre waard?

‘Absolút. Winterwater hie al lâns de burelen fan Uitgeverij Lebowski west. Dêr wie it oardiel: meislepend, spannend, pageturner. Mar ek: útkôge tema. Doe ha ik it manuskript oan ’e kant lein en bin ik kollums begûn te skriuwen, út it perspektyf fan ’e protagonist fan Winterwater wei. Doe’t dy kollums suksesfol waarden, wie it ek tiid foar dat boek. Dus ja, ik woe publisearje, mar de rûte derhinne wie noch ûnwis.’

Wat hat skriuwen mei dy dien?

‘It hat my in libben jûn dêr’t ik net fan dreame doard hie dat ik it oait liede soe. It hat in rêdingsboei west, hoewol’t ik dat pas mei weromwurkjende krêft sa sjoch. Boppedat fielt it fijn om dyn talint ûntdekke en ûntwikkelje te meien. Ik bin no mei myn fyfde roman dwaande, Liftend naar de hemel, en myn fêste redakteur fertroude my nei de earste lêzing ta: “Hast al fan it begjin ôf in hiel dúdlike pinne, mar skriuwst ek hieltyd mear raffinearre.” Dat jout my fertrouwen. En it hâldt my fan ’e dyk. Boppedat is it in foarrjocht om myn gefoelens, mar ek dy fan oaren, in stim te jaan. Dat ien my oansprekt en my fertelt dat myn boek him as har rekke hat, is my in hiel soad wurdich.’

Is skriuwen foar dy terapeutysk?

‘Hm, ik fyn it sels altyd hiel yngewikkeld as minsken in boek skriuwe as ferwurking: sitst nei myn beskieden miening dan noch te ticht op ’e matearje. It gefoel kin de lêzer dan bekrûpe in foyeur te wêzen en dat is it lêste dat ik oproppe wol. It is net foar neat dat ik debutearre op myn 42e. Pas doe hie ik genôch ôfstân nommen fan myn jeugd. Ik wol datst dy by it lêzen fan myn boeken ûnderdiel fielst fan wat der bart. Jierren lyn wie ik by in teäterfoarstelling mei yn ien fan ’e haadrollen immen dy’t ik koe, in aktrise dy’t op dat stuit troch in swiere perioade gie. By de emosjonele sênes stie se gûlend op it poadium. Doe fielde ik: dit is te folle, ik wol dit net sjen, hjir is te folle oan ’e hân.’

Fynst datst better wurdst as skriuwer?

‘Dat fyn ik dreech te beäntwurdzjen. Ik fyn it lestich om oer mysels te tinken as in ‘goede skriuwer’. Soms kwattelje ik dingen del, dêr’t ik it idee fan ha dat de lêzer se fan hûndert kilometer oankommen sjocht, dy’t dan doch blike te ferrassen. Dus blykber ha ik in wize fan skriuwen ûntwikkele dy’t oansprekt. Wurd ik better? Ik lit dat graach oer oan oaren om oer te oardieljen. Ik fernim wol in ûntwikkeling yn myn wize fan wurkjen. Yn Als de dood zucht skriuw ik út it perspektyf fan acht minsken wei, dêrûnder froulju, dêr wie ik by myn debút echt noch net oan ta. It delsetten fan struktueren en ferhaallinen is in proses. Silst my net sizzen hearre dat ik better wurd, mar ik fyn myn meast resinte boek wol myn bêste oant no ta.’

Yn hoefier kin literatuer foar ferbining soargje?

‘Mei’t ik begûn bin te skriuwen, is it kontakt mei myn famylje wer goed makke en dat is my mear wurdich as hokker literêre priis dan ek. Myn mem fûn it hiel heftich om Winterwater te lêzen, mar wie tagelyk ek grutsk, dat seit in soad oer har. Ik ha it ek noait skreaun as in traap-nei-boek. De rollen binne no fansels ek oars. Eartiids wie ik it lytse soantsje en broerke dat algeduerigen problemen hie en ûnrêst feroarsake, no bin ik sels folwoeksen, heit fan in jonge dochter en besykje ik wat fan it libben te meitsjen. Myn suster Anna de Swart hat koartlyn in poëzybondel útjûn, Briefjes in je broodtrommel, en sa ha wy ynienen wat dat ús ferbynt, dêr’t gjin lading op leit. Wy ha oare petearen en sy fielt har net mear de âldere suster dy’t op hat broerke passe moat. Moai dat it sa rinne kin.’

Bist Frysktalich grutbrocht?

‘Jawis! In jier as wat lyn, doe’t ik oan myn debútroman wurke, seach ik op in jûn nei de film De hel van ’63. Ik hie doe hiel lang net yn Fryslân west. De film begjint yn it Frysk en by de earste sin fielde ik fuort: ja, dêr kom ik wei, dat is myn bertegrûn. Fansels lizze der hiel ferfelende oantinkens, mar dy dogge neat ôf oan myn leafde foar Fryslân. Ik bin in grutske Fries. En: Winterwater wurdt oerset yn it Frysk. Myn fantastyske pake, dy’t my alhiel akseptearre sa’t ik wie en dy’t ferstoar doe’t ik fjirtjin wie, soe no sa grutsk op my wêze. Ja, dat der skielk in Winterwetter yn ’e winkels leit, rekket my hiel djip.’

Winterwater nei it teäter
It jonge figuereteäterselskip Studio Figur, de yn it sâlt bebiten teätermakker Rieks Swarte en produksjehûs Feikes Huis bondelje de krêften foar in teäteradaptaasje fan Winterwater, Lex Paleaux’ debútroman. Yn in byldzjende foarstelling mei poppen, tekeningen, makettes, live-cinema en muzyk wurdt it tema iensumens ynfielber makke. In ûnbefongen bern sjocht mei ferwûndering de wrâld yn, mar neigeraden’t er âlder wurdt, nimt elkenien hieltyd mear ôfstân fan him en syn bernlike ferwûndering slacht om yn rebelskens, ûnhannelber gedrach en in aloan gruttere eksistinsjele wanhoop. schuur.nl

sneon 24 febrewaris te sjen yn Skouboarch De Lawei (Drachten) en freed 1 maart yn Stedsskouboarch De Harmonie (Ljouwert)
Foto: ©Paulina Matusiak & Eddy Wenting

Top 3 lêstips fan Lex Paleaux

Ronald Giphart – Ik omhels je met duizend armen (2000)

Literatuer waard ynienen berikber: sûnder pretinsjes, mar wol mei djipgong.

Evert Hartman – Gegijzeld (1984)

Meardere ferhaallinen trochinoar, dêr’t ferskillende libbens mear by oerienkamen as dat ik ynearsten tocht. Earste boek dêr’t ik om gûle moast.

Stephen King – Children of the Corn (1977)

In boek dat ik as bern net lêze mocht, mar stikem ‘pikt’ hie út de folwoekseneôfdieling yn ’e biblioteek. Ik ferstoppe it efter de plantebak, lies it yn ien wike út oan ’e lêstafel, mei in strikboek derfoar om net op te fallen. It wie myn earste yn ’e kunde kommen mei boeken foar ‘grutte minsken’.