De moaiste reaksjes
It wie in hiele toer, mar it is slagge om troch hûndert skriuwers in bydrage meitsje te litten en foar alle hûndert dagen in eigen ferskiningsfoarm te ûntwikkeljen. Wy wienen nei ôfrin wol in bytsje wurch, mar boppe-al bliid. It is wis dat alle positive reaksjes fan auteurs, makkers, gearwurkingspartners en lêzers dêr oan bydroegen. Der wiene in pear krityske reaksjes en der kamen ek tips en suggestjes binnen (“volgende keer weer in tuinen”). Mar wy kinne it dochs net litte om in pear fan de entûsjaste mails en appkes út te ljochtsjen!