ik dreamde oer dy fannacht
sliepend yn dyn winterjas 
ik hear fûgels, se gûle sêft 
en se witte dat ik op dy 
wachtsje

op ús foto hâldt de tiid foar altyd skoft 
we fergriemden de oeren

ik tink oan ús ferske
ik wol it foar dy sjonge
mar de wurden binne kwyt 
se waaie oer it wetter 

meinommen troch de maitiidswyn

Frysk gedicht en Nederlânske oersetting: Mayte Veenstra

Mayte Veenstra (2006) begûn al jong mei it spyljen yn teäterproduksjes en mei it skriuwen fan gedichten. Geandewei begûn Mayte har eigen muzyk te arranzjearjen. Se treedt op as sjongeres mei in fjouwerkoppige band en is sûnt 2024 aktyf by Meeuw Jonge Schrijvers. Har lietteksten en gedichten skriuwt se yn it Frysk, de taal dy’t it tichtste by har stiet. Tema’s dt;t faak foarby komme binne langstme, eangst en dreamen oer de takomst. NRC oer har optreden by Explore the North ‘24: “Het publiek is gegrepen. De toon is warm, indringend, de woorden voelen eerlijk”.

Ingelske oersetting: Vivien D. Glass

Vivien D. Glass (folút: Vivien Doornekamp-Glass) is oersetter Ingelsk en dosint yn it folwoekseneûnderwiis. Se hat altyd al fassinearre west troch talen en literatuer en set njonken kommersjele en juridyske teksten ek boekúttreksels, koarte ferhalen, romans, non-fiksje, berneliteratuer en poëzy oer.

Yllústraasje: Julia van der Bos

Julia van der Bos is freelance yllustrator mei ûnderfining yn redaksjonele, (digitale) produkt- en marketingyllustraasjes. Har wurk hat in waarme en freonlike styl dy’t organisaasjes helpt harren boadskip oer te bringen. Oarspronklik út Ruslân wennet se sûnt 2017 yn Europa en hat se har yn 2021 yn Fryslân fêstige. Julia organisearret ek de Sunday Sketch Brunch en dielt har wurk op Instagram mei har aktive en groeiende mienskip.