Ekpyrosis
De dei dat ik sa út ’e skroeven
fereale wie op ’e sjongeres,
dat it universum
yn fertikale rjochting
sa plat waard dat it noch
binnenstbûten spatte soe,
lei der oer de greiden,
ûnder de stjerrehimel,
in pak snie oant
boppe myn krún
Ik rôle en dûnse deryn om
as soe it nea wer rane
Mar sa’t myn bloed
smolt yn har hân
sipele ek de snie wer fuort
yn ’e deistige lava
fan goed en kwea
Allinne it kommen en gean
is bestimme ta in ivich bestean
Hidde Boersma
Frysk en Nederlânsk gedicht: Hidde Boersma
Hidde Boersma is de oerfaar fan it Doedeïsme, in ûnderstream mei kant noch wâl. Hidde is in frank en frije Fries om utens. As je Hidde sprekke wolle, kinne je him faaks wol fine yn in bocht fan de Vecht, ein fan ’e middei op in bankje mei in doppe fleske Guinness Africa. Dan kin er bygelyks fertelle oer it plakje Mayera, djip yn ’e bosken, dêr’t in jager ris op ’e ouwer fan in streamke yn ien tel fêststelde dat er op dat stuit folslein ferdwaald wie, mar dêrom lykwols ek thús. Of hy fertelt hoe’t er by in bushalte yn it easten fan Der Peter nicht der Rudy learde om immer gerade aus te gean. Mar lit ien ding dúdlik wêze: Hidde is nea net hastich. Dêr wol er syn tiid net oan fergrieme.
Ingelske oersetting: Laura Watkinson
Laura Watkinson is in taalleafhawwer en literêr oersetter út it Nederlânsk, Dútsk, Italjaansk en Frysk nei it Ingelsk. Se hat wurk fan ûnder oaren Cees Nooteboom en Tonke Dragt oerset en wennet mei har man en harren kat yn in heech, smel hûs yn Amsterdam. Har meast resinte oersettingen binne Cricket (Krekel) fan Annet Schaap en in graphic novel fan Judith Vanistendael.
Yllustraasje: Redmer Hoekstra
Redmer Hoekstra (1982) is yn 2009 as byldzjend keunstner en yllustrator ôfstudearre oan de keunstakademy yn Zwolle. Hy fynt in soad ynspiraasje yn it filosofearjen oer de werklikheid, de wurking fan dingen en de beweging fan bisten. Syn assosjative brein kombinearret op fassinearjende wize hiel ferskillende foarmen. Redmer brûkt in bewerklike en ambachtlike technyk. Hy makket mei fineliners pintekeningen op papier, wêrby’t er in soad wurket mei arsearring. De tekeningen binne sa realistysk mooglik, sadat de ferfrjemding en ferwûndering by de sjogger fersterke wurde.
