Ferstadigje

Alles giet stadiger yn kjeld.
Oplade, skimmelje,
fan’t bêd komme,
fereale wurde.

In hûn dy’t sân jier yn ien libbet
hat 168 oeren op in dei,
slikket sa stadich as er kin
oan in beferzen lantearnepeal.

De lêste fruitmich fan it jier
is allergysk foar mandaryn,
stjert sa stadich as er kin
yn de skyl fan in bûkenút.

Ik stek in kears oan,
hâld him ûnder in diskobal,
dûnsje sa stadich as ik kin
op alle maten rêst.

Nederlânsk gedicht: Mees van Rijswijk

Mees van Rijswijk (1999) is in poadiumdichter, teätermakker en sêft-aktivist út Ljouwert. Hy leaut yn de keunst fan de ienfâld en kiest de wurden dêrom soarchfâldich: alles mei mear as fiif lettergrepen falt ôf. Hy wûn ferskate prizen mei syn spoken word-teksten, praat geregeld op poadia en eveneminten troch it hiele lân en lost ûnderweis graach sudoku’s op.

Fryske oersetting: Martsje de Jong

Martsje de Jong is oersetter, redakteur, skriuwer, ferhaleferteller, dichter en kollumnist. Oersette docht se út it Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk, Sweedsk en Deensk wei. Sa fersoarge se ûnder mear de Fryske oersettingen fan berneboeken as De Grutte Freonlike Reus, Pippi Langkous, De Goargels en De Neehoarn, mar ek fan ferskate romans, ferhalen en gedichten foar folwoeksenen. Martsje wie kollumnist fan ûnder mear de Ljouwerter krante en Ensafh. Se skreau foar tydskriften en kranten en skreau ferskate non-fiksjeboeken. As dichter wûn se yn 2024 de Fryske Poëzy Slam.

Ingelske oersetting: David Colmer

David Colmer (Adelaide, 1960) set romans, poëzy en berneliteratuer oer en is de Ingelske oersetter fan ûnder oaren Adriaan van Dis, Gerbrand Bakker, Dimitri Verhulst en Willem Frederik Hermans. Colmer sette poëzy oer fan ûnder oaren Hugo Claus, Radna Fabias, Menno Wigman en Ramsey Nasr. Berneboeken dy’t Colmer ûnder hannen naam binne û.o. fan Annie M.G. Schmidt en Paul van Loon.

Yllústraasje: Julia van der Bos

Julia van der Bos is freelance yllustrator mei ûnderfining yn redaksjonele, (digitale) produkt- en marketingyllustraasjes. Har wurk hat in waarme en freonlike styl dy’t organisaasjes helpt harren boadskip oer te bringen. Oarspronklik út Ruslân wennet se sûnt 2017 yn Europa en hat se har yn 2021 yn Fryslân fêstige. Julia organisearret ek de Sunday Sketch Brunch en dielt har wurk op Instagram mei har aktive en groeiende mienskip.