Orkest

Gobjende
kobben op
it klaailân

mompeljende
slobben yn ’e
tochtsleat

slachhout fan
markol oer it
koperlûd fan
reidhin hinne

pauguozzen
al wer op ’e
lofttrompet

en djipwei út
de sompen it
pompen fan
in reiddomp

dat einlings
trochset

En ik
ik wie der ek

Dizze simmer-boekelizzer fan 2025 makket diel út fan Lyts gelok, it literêre projekt fan Ljouwert UNESCO City of Literature ûnder Arcadia.

Gedicht yn alle talen: Remco Kuiper

Remco Kuiper is fan 2004 ôf aktyf as dichter. Gedichten fan him ferskynden yn Hjir, Farsk, De Moanne en Ensafh. Hy wûn yn 2019 en 2023 in Rely Jorritsmapriis. Fierder is wurk fan Kuiper opnommen yn ferskate blomlêzingen: Spiegel van de Friese poëzie, Droom in blauwe regenjas/Dream yn blauwe reinjas, Het goud op de weg, en De 100 mooiste Friese gedichten. Yn 2025 komt der in dichtbondel út by DeRyp. Remco Kuiper makket ek graach muzyk. Mei it selskip Tsjinlûd is der yn 2016 in boekje + cd mei wurden, klanken en bylden ferskynd. Hy sprekt ek teksten yn, hat meidien oan it programma Rûnom fan Tryater en wie dielnimmer oan it projekt Sprekende stenen.

Yllústraasje: Julia van der Bos

Julia van der Bos is freelance yllustrator mei ûnderfining yn redaksjonele, (digitale) produkt- en marketingyllustraasjes. Har wurk hat in waarme en freonlike styl dy’t organisaasjes helpt harren boadskip oer te bringen. Oarspronklik út Ruslân wennet se sûnt 2017 yn Europa en hat se har yn 2021 yn Fryslân fêstige. Julia organisearret ek de Sunday Sketch Brunch en dielt har wurk op Instagram mei har aktive en groeiende mienskip.