Boekelizzer simmer 2024 - Leeuwarden City of Literature

Ik soe dy hiel graach sizze wolle
dat de simmer net bestiet mar
einleas is en dat blommen nea gûle
Mar hoe lis ik dit út yn 
poëzij, hoe gryp ik hjir alles

Want ik kin skriuwe oer
hoe’t alles lichter fielt
en hoe’t de loft priuwt as it
gerske dêr’tsto as bern op kôgest
sûnder oan ’e tiid te tinken
Allinne de sinne, it gers, do
En oer de earste kear dat’sto
mei sûnder jas nei bûten draafdest
En fansels altyd oer softiis mei disko

Mar ik wol allinne witte oft’sto
op it strân soms in bytsje gûldest
en oft’sto hâldst fan parre-iis? Ik…
O sorry, dit is myn lêste rigel.

Nederlânsk gedicht: Marrit Jellema

Marrit Jellema (Ljouwert, 1993) is spoken word-artyst, dichter en skriuwer. Se is dêrneist inisjator en organisator fan Hoge Woorden (poadium foar spoken wurdt yn Fryslân) en stedsdichter fan Ljouwert. Marrit brocht oant no ta twa albums út, wûn yn 2019 in Spoken Award yn de kategory ‘lyrics’ en stie yn septimber 2021 yn de finale fan it NK Poetryslam. Se set har yn foar (wyk)ferbinende projekten, fersoarget workshops, skriuwt yn opdracht en treedt geregeld op.

Fryske oersetting: Arjan Hut

Arjan Hut (Drachten, 1976) groeide op yn Surhústerfean en publisearre yn 2004 syn earste dichtbondel ‘Nachtswimmers’. Hy wie yn 2005 -2006 stedsdichter fan Ljouwert, yn 2019 -2020 Wâlddichter fan de gemeente Achtkarspelen en is de hjoeddeistige Dichter fan Fryslân. Hut is redakteur fan tydskrift de Moanne en jout poësieles oan de Skriuwersfakskoalle. Syn meast resinte, sechsde dichtbondel, ferskynde yn 2023 ûnder de titel ‘Ien tel de ierde stil’.

Ingelske oersetting: Preston Losack

Preston Losack (Dallas) is in skriuwer, dichter en redakteur dy’t graach minsklike emoasjes en ûnderfiningen ferkent. Hy publisearre ferskate gedichten, stiet faak op it poadium en nimt fanút Explore the North diel oan it #NieuweStukken-ûntwikkeltrajekt 23-24 fan Fonds Podiumkunsten. Stipe troch it Nederlands Letterenfonds begûn er ‘Preston’s Poetry Podcast’ om poëzy tagonkliker te meitsjen. Oersetten sjocht Preston as in manier om (it wurk fan) oare dichters better kennen te learen.

Yllústraasje: Michiel Kloppenburg

Michiel Kloppenburg (1984) is freelance yllustrator en animator en wennet yn Jelsum. Syn styl kin omskreaun wurde as kleurryk, boartlik en minimalistysk. Michiel wurket graach oan projekten dy’t te krijen hawwe mei duorsumens en natuer. Hy is mei-oprjochter fan Motiontales, in animaasjestudio dy’t komplekse ynformaasje begryplik makket mei animaasje en motion design. Ek is er mei-oprjochter fan Level Up Coworking, in coworking space yn Ljouwert foar kreative freelancers.