Boekelizzer hjerst 2024 - Leeuwarden City of Literature

It is hjerst


seit de bosk
ik fluitsje Autumn leaves
en harkje nei it lûd fan
knisperjende blêden
ûnder myn fuotten

stadich wâdzje ik troch
stikkenlêzen haadstikken,
stroffelje oer strofen, skop in pear
ferkleurde rigels yn ’e loft en             
nim ferknûkele wurden
mei yn ’e jasbûse

it is hjerst,
snaut de bosk
meitsje ris wat romte
it leit hjir stiloan grôtfol mei
bledsiden
   dy’t
        út
             dyn boeken
    rûgelen

Frysk gedicht en Nederlânske oersetting: Paul van Dijk

Paul van Dijk (1981) skriuwt, dicht, tekenet, komponearret en musisearret. Hy skriuwt berneboeken dy’t er sels yllustrearret, wêrûnder de ‘Omke Ûle’-printeboeken. Paul sette ek in mearkebondel oer fan it Ingelsk nei it Frysk (‘Myn Moaiste Mearkes’) en hy makket byldzjende foarstellingen mei syn teätergroep Knûkel. Yn 2018 ferskynde syn dichtbondel ‘Famke fan snie’. Foar syn dichtwurk krige er ferskate prizen. Sa krige er foar syn debút de Douwe Tammingapriis. Syn nije dichtbondel ferskynt yn 2025.

Ingelske oersetting: Vivien D. Glass 

Vivien D. Glass (folút: Vivien Doornekamp-Glass) is oersetter Ingelsk en dosint yn it folwoekseneûnderwiis. Se hat altyd al fassinearre west troch talen en literatuer en set njonken kommersjele en juridyske teksten ek boekúttreksels, koarte ferhalen, romans, non-fiksje, berneliteratuer en poëzy oer.

Yllústraasje: Michiel Kloppenburg

Michiel Kloppenburg (1984) is freelance yllustrator en animator en wennet yn Jelsum. Syn styl kin omskreaun wurde as kleurryk, boartlik en minimalistysk. Michiel wurket graach oan projekten dy’t te krijen hawwe mei duorsumens en natuer. Hy is mei-oprjochter fan Motiontales, in animaasjestudio dy’t komplekse ynformaasje begryplik makket mei animaasje en motion design. Ek is er mei-oprjochter fan Level Up Coworking, in coworking space yn Ljouwert foar kreative freelancers.