Poetry Archives - Leeuwarden City of Literature

Foar de Poetry Archives fan Poetry International nûget Ljouwert City of Literature, tegearre mei RIXT, Fryske dichters út om in trijetal fan harren gedichten te selektearjen foar oersetting. Dizze gedichten én in koarte karakterisearring fan it wurk fan de dichter, wurde troch de bêste oersetters dy ’t wy kenne yn it Ingelsk oerset. Dit jier en takom jier sille op dizze wize sa ‘n tritich Fryske dichters foar in ynternasjonaal publyk tagonklik makke wurde.

Poetry International is in Nederlânsk inisjatyf dat poëzy by in sa grut en sa ferskaat mooglik publyk ûnder de oandacht bringe wol en rjochtet him benammen op de útwikseling fan dichters, oersetters en leafhawwers. Yn harren argiven wurde dichters út in grut tal lannen en regio’s presintearre. Poetry International wol de kommende jierren mear sjen litte fan de Fryske poëzy en hat RIXT en Ljouwert City of Literature frege om hjirby te helpen.

Yn 2021 hat in advyskommisje in list opsteld mei de (earste) dichters foar dit projekt.

Yn dy seleksje binne ek jonge Fryske spoken-wurd dichters opnaam dy ‘t yn it Nederlânsk dichtsje. It is de bedoeling dat yn 2023 njoggentich fertaalde gedichten fan sa’n tritich Fryske dichters (ynklusyf harren biografyen) beskikber binne fia Poetry International.

Fan Jan Kleefstra binne trije gedichten oerset. Harkje nei syn foardracht fan Ik haw mei soere molke myn oantinken wosken en lês mei mei de Ingelske oersetting:

Project y.g.m. Poetry International, RIXT, Nederlands Letterenfonds.