Oade oan skientme - Leeuwarden City of Literature

Fotograaf, winkeleigener, Fries, boeredochter, dosint Ingelsk en hûnebaaske. Mirjan van der Meer (35) út Akkrum is in soad. En dochs is rêst har adagium. Klik op har website op de knop ‘About’ en der ferskine njoggen ultrakoarte omskriuwingen oer harsels. In ynterview oan de hân fan dy eigen skets.

Tekst: Marrit de Schiffart | Foto’s: Natalia Balanina

Photographer

‘Fan jongs ôf oan bin ik fassinearre troch byld, dochs ha ik mysels noait as fotograaf sjoen. Ik meitsje gjin foto’s yn opdracht mar kreëarje eigen bylden op yntuysje en gefoel. Altyd bûten. Nostalgy, ambacht en ynspiraasje binne dêrby de kaaiwurden. It proses is it moaist: as ik fotografearje stiet de tiid stil, kom ik ta mysels, bin ik yn it momint en op dierbere plakken. Sielsgelokkich eins.’

‘Myn bylden geane de hiele wrâld oer, as boekcovers. It begûn yn 2008 doe’t ien fan myn portretten op it omslach fan De eenzaamheid van de priemgetallen fan de Italiaanske skriuwer Paolo Giordano telâne kaam. De útjouwer hie de foto, sûnder my yn te ljochtsjen, fan DeviantART helle. It boek waard in bestseller en sa begûn it baltsje te rôljen. Ik kaam yn kontakt mei útjouwers wrâldwiid en myn selsportretten steane ûndertusken op hast hûndert ferskillende boeken.’

‘Mei in byld kin ik oeren en oeren dwaande wêze. Alles moat klopje. De kleur, de sfear, de komposysje. Ik meitsje altyd in trijelûk. Trije bylden dy’t inoar fersterkje en in eigen flow foarmje.’

Autumn, November 1987

‘Myn bertemomint. Ik bin grut wurden op in pleats bûten Akkrum. It fotografearjen begûn mei de analoge kamera fan heit en mem: ik wie al gau dejinge dy’t de fakânsjekykjes makke. Dêrnei kamen de wegwerpcamera’s, betelle fan myn eigen bûssinten. De foto’s dy’t ik dêrmei makke, plakte ik yn myn aginda. Op myn 18de jierdei frege ik ús heit en mem om  in kompakt kamera en dêrmei begûn it echt. As ik moarns de gerdyntsjes iepenskode seach ik fuort watfoar waar it wie. Koe ik derop út om te fotografearjen? It tinken yn bylden hat der dus altyd yn sitten. Unbewust, in natuerlik yts. Dat jildt ek foar de winkel. Op it vmbo wie ik al dwaande mei moade en sketste klean. Foardat ik oan de dosinte-oplieding begûn, folge ik in moade-oplieding. Fotografy en moade passe by-elkoar. No’t ik sûnt in pear jier myn winkel yn Akkrum ha, fielt it as is de sirkel rûn. Mei Galerie Rooze komt alles by-elkoar: úteinlik komst altyd út op datjinge wat dyn ynteresse hat.’

Born in Frisia (The Netherlands)

‘Fryslân is belangryk foar my. It Fryske fielt echt as myn identiteit. Eins is dat hiel mysterieus, datst dat sa sterk fiele kinst. Ik neam it in oerkrêft. 98% fan myn foto’s makke ik yn Fryslân. Foaral yn Akkrum, by ús heit en mem op ’e pleats. Foar my in magysk plak. Noch altyd fyn ik dêr tafrielen dy’t ik noch net fêstlein ha. De rêst, de natuer dy’t wy yn Fryslân hawwe binne goud wurdich. Dat is ek de reden dat ik it geweldich fyn dat myn bylden no brûkt wurde foar de LETTER-covers en de kampanjebylden fan Uitgesteld geluk en Page Against the Machine fan City of Literature. Myn bylden, dy’t hjir makke binne mei it oerfryske gefoel dat ik derby ha, wurde dield mei Fryske minsken. It past!’

Roaming the Northern lands of mist & its mysteries

‘Ik fiel in konneksje mei noardlike lannen. Skandinavië, Yslân, Skotlân… Ik leau dat wy mei dy lannen ferbûn binne as it giet om dat oergefoel. De boeken dy’t ik lês en de muzyk dy’t ik lústerje hawwe faak in link mei it noarden. Foaral mytologyske ferhalen sprekke my oan; de romantyk fan froeger en de mystyk fan oare wrâlden.’ 

‘Mist spilet in grutte rol yn myn fotografy. Ik fotografearje graach moarns as de dize boppe de lannen hinget. Dat momint fan ‘e dei, flak foardat it echt ljocht wurdt, is myn gouden oere. Ik hear gauris fan bekenden dat se oan my tinke moatte as it mistich is.’

Grew up as farmer’s daughter surrounded by nature

‘De leafde foar it ambacht en de natuer ha ik fan hûs út mei krigen. Dat sjochst werom yn myn winkel. Galerie Rooze is in ûnderdiel fan myn wêzen, alles wat ik útdrage wol. Mei de produkten dy’t ik ferkeapje, wol ik werom nei de basis, nei de skientme. Ik ferkeapje klean, kado’s, aksessoires, boeken en myn keunst. De galery is in plak dêr’t kwaliteit en kreativiteit sintraal steane. De klean dy’t ik ferkeapje binne tiidleas. Guon fan de merken dy’t ik ferkeapje, bygelyks Son de Flor en Roosenstein Wolke (út Snits), wurkje mei basisûntwerpen. Want wat der is hoechst net op ’e nij út te finen. Schoonheid, skientme is al om ús hinne. Dêr leau ik yn en dat wol ik útstrielje.’

Inspired by Sigur Rós, John Keats, J.R.R. Tolkien, Marianne Fredriksson & BBC Costume drama

‘Sawol muzyk as literatuer ynspirearje my. Ik lústerje graach nei de Yslânske band Sigur Rós. Harren mytyske muzyk rekke my yn myn siel doe’t ik it op myn 14de op de tv foarby kommen seach. Ek ferhalen of gedichten kinne my reitsje. De fantasy-literatuer fan J.R.R. Tolkien, fantastysk! Lêze is machtich moai, as je dat op jonge leeftiid mei krije is in kado.’

‘Ingelske boeken lês ik leafst yn it Ingelsk om alle nuânses mei te pakken. Ik hâld ek fan âlde talen of, sa’t Tolkien bygelyks docht, nij kreëarre talen basearre op âlde talen. It gedicht Oh Solitude! If I must with thee dwell fan John Keats sprekt my oan fanwege it stikje iensumheid dêr’t hy it oer hat. Dat je út de stilte wei mei alles ferbûn binne en dat fan dêrút de kreaasjekrêft komt. Yn de kostúmdrama’s komt myn hang nei nostalgy wer nei foaren. Dat wie ek ien fan de redenen dat ik foar de oplieding ta dosint Ingelsk keas, de ynteresse yn skiednis.’ 

My mind is able to drift and my heart is able to create 

‘De winkel is in ferlingstik fan myn fotografy. Ek dêr foarmje nostalgy, ambacht en ynspiraasje de kearn. It ûndernimmersplan hie ik samar op papier. As je entûsjast binne en achter dingen steane, dan streamt it. Dan is it hiel ienfâldich om te kreëarjen. Sa wist ik ek fuort dat de houten gevel in Sweedske reade kleur krije moast. As yntuysje en gefoel yn in flow komme, dan is der harmony en komt de kreativiteit fansels.’  

A wanderer in solitude

‘Iensumheid betsjut foar my rêst en stilte. Dy fyn ik bygelyks as ik moarns betiid fan myn hûs yn Akkrum nei de pleats ta rin om te fotografearjen. Sadree’t myn tekkel Karel en ik oer de grins fan doarp en plattelân komme, falt alles stil. Dan is der allinne de natuer. De fûgels fluitsje, in hazze hipt fuort en reeën komme soms boppe de mist út. As dan even letter de sinne op komt, is de wrâld op har moaist. Dan ferjit ik de tiid en alles om my hinne, om werom te gean nei de basis, om te lústerjen nei myn eigen gefoel. In swalker yn iensumheid.’

Nature is key

‘Yn natuer komt alles by-inoar. Alles wat ik doch hat dermei te krijen. It is krêftiger as de minske. Sa fiel ik bygelyks oan as der mist komt. Mist kinst rûke. De jûns fan tefoaren wit ik it al. Ik fernim it oan in bepaalde waarmte of kjeld. Dan wit ik dat ik myn kameraguod byelkoar pakke kin. Ik brûk net folle apparatuer, allinne myn kamera, statyf en ôfstânsbetsjinning. Gjin ekstra ljocht, filters of oare helpmiddels. Dat hoecht net; de natuer kreëarret it byld.’