Frage-oerfloed - Leeuwarden City of Literature

Ein maaie 2021. De wrâld laket ús ta. Beammen yn farskgrien. De blommen op har moaist. Gelokkich is it dochs noch waarm wurden. Minder Nederlanners nei de IC. En de gesellige frijheid komt fluch tichter by. It is in tiid fan oerfloed.

Tekst: Theunis Piersma I Yllustraasje: Willie Darktrousers I Foto: Pablo Macías

It begûn al yn maart. De earste skriezen kamen werom út West-Afrika. Earst noch yn groepkes, dêrnei twa oan twa yn pearkes, giene se op syk nei in geskikt briedplak yn fochtige blomrike greiden, krekt dy greiden dêr’t it ein maaie sa’n wielderige blommesee is. Yn dat blommelân tilt it foar har piken op fan de ynsekten.

Yn april folgen de earste boereswellen, doe de wytgatswellen en ein april de toerswellen. De floed hold oan en op hiemen en yn tunen mei krûden, blommen en beamte ferskynden yn ’e rin fan maaie giele hôfsjongers, toarnhipperkes en feale miggesnappers. Al dizze fûgels komme út Afrika, se oerwinteren yn savannen en reinwâlden. Lyts en moedich stieken se de Sahara oer, en de Middellânske See, en Spanje, Frankryk en België. Fiiftûzen kilometer fleane om hjir te finen wat se dêr net fûnen.

Gean ris op in moai plak yn it park sitten, of miskien sels dyn eigen tún. Sjoch in skoft lang nei in âlde iik, of in grutte esk, in eskdoarn, Spaanske aak of grutte hagedoarn. Pak der leafst in fierrekiker by om yn ’e beamkrún te digerjen. Konsintrearje dy op it jonge grien, of sykje nei dy ljochtgriengiele hôfsjonger. Waanst dy yn in tropysk reinwâld.

Hjir by ús bart elke maitiid wat spektakulêrs. Der spielt in golf fan grien en blom nei it noarden. Yn it sok dêrfan ferskine kloften bijen, flinters, tuorren, slakjes, michjes en libellen. As aaien of larven hawwe se har, ferburgen yn dea hout of fergetten grûn, taret op it maitiidsfeest. Al dat libben docht libjen. De trekfûgels út it fiere Afrika komme der foar nei Fryslân om, surfend op dy weach fan oerfloed, nêsten te bouwen, aaien te lizzen en jongen grut te krijen troch se fol te triuwen mei al dat wrimelguod.

Yn sa’n tiid fan oerfloed kin autoriden lestich wêze. Teminsten, as der ûnder it riden fan A nei B in soad bistkes tsjin it foarrút kletse. Mannich brune stjerkes benimme in automobilist it sicht. Gebrek oan sicht wie hiel gewoan. Moast alle dagen dyn foarrút waskje. Of faker. Nachts wie it trouwens slimmer as oerdeis, want dan hiest nachtflinters. De Britske sjoernalist Michael McCarthy beskreau nachtflinters as snieflokken, wat hurder ast riedst, wat fûler it snijde. McCarthy giet al in skoftsje mei en fertelt hoe’t hy fyftich jier lyn by ritten nei Londen wol twa kear yn ’e oere hohâlde moast om syn foarrút te waskjen. No is dat al lang net mear sa, no fleane har ûnder de ritten nei Londen op syn meast twa nachtflinters dea. Hoe faak waskje wy no it foarrút fan de auto noch? By in soad benzinepompen binne wetteramers en rutewiskers alteast net mear te finen.

Der is sa folle mear, en sa slûpendeweis, weiwurden. Yn it Ingelân fan de jonge McCarthy, sa fertelt Derek Warren, in lânarbeider út Suffolk, wiene der altyd en oeral wytgatswellen. Yn elk hûs wennen minsken en oan elk hûs nestelen swellen. Yn Nederlân sil dat grif net oars west ha. Mar as dat sa is, en no begjin ik ûngerêst te wurden, dan binne wy yn it libben fan McCarthy (en dat fan my) mear as 98 prosint fan de wytgatswellen kwytrekke. Wytgatswellen libje fan fleanende ynsekten, de brune spatten op it autorút. De wytgatswellen binne dus krékt net útstoarn. Dit moat betsjutte dat har itensboarnen, dy ynsekten, ek krékt net hielendal ferdwûn binne.

Dat smyt sa’n soad fragen op. Is it echt wier dat koartby omtrint alle swellen weiwurden binne? Hat it ferlies oan greidefûgels deselde oarsaak as it ferlies oan swellen? De piken fan ljippen en skriezen ite ommers ek ynsekten. En wêróm is der dan safolle wrimelguod ferdwûn? Hat dat te krijen mei it betegeljen fan tunen? Mei it brûken fan Roundup op de oprit en yn ’e tún, of mei de ynsektedeadzjende fliebannen foar de hûn?

Hat it út te stean mei de yntinsyf bedonge raaigersikkers dy’t in grut part fan Fryslân bedekke? Of mei dy aardige rôze coatings fan de maiskerlen, coatings mei tige effektive senuwgiffen dy’t derfoar soargje dat al dat metershege mais foar bledluzen en oare sûgjende ynsekten deadlik is? Of leit it oan it effektyf ûntwjirmjen fan de kij en skiep, oan de ûntwjirmingsmiddels dy’t mei poep en pis yn de greide telâne komme? Meane de boeren no te betiid? Of stean der yn it boerelân gewoan te min bûterblommen? En wat no as de brousels mei de drege nammen, dy’t sa geweldich effektyf ynsekten deadzje, ek ferkeard binne foar ús sûnens?
Ein maaie, in tiid fan oerfloed, wilens ek in tiid dy’t in oerfloed oan fragen by my opropt.

Theunis Piersma (1958) is heechlearaar Trekfûgelekology oan Rijksuniversiteit Groningen. As waadbiolooch is hy ferbûn oan it NIOZ op Tessel. Willie Darktrousers (Emiel Joorman út Donkerbroek) is yllustrator, striptekener, singer-songwriter en producer.