Fan wa is it lânskip? - Leeuwarden City of Literature

Tusken 1950 en 2020 krige Nederlân sa’n 7 miljoen ynwenners derby. Lânbougrûn waard hieltyd yntinsiver brûkt, rekreaasje en it oantal wenningen en wegen namen foars ta, wylst de biodiversiteit him yn de omkearde beweging ûntwikkele. It uterlik fan Fryslân feroare drastysk en greidefûgels binne museumstikken wurden. Dat moat oars, mar fan wa is it lânskip eins?

Tekst: Tialda Hoogeveen | Akwarel: Christiaan Kuitwaard

Sûnt de PvdA-man Sicco Mansholt yn de desennia nei de Twadde Wrâldoarlochminister fan Lânbou wie, is it lânskip botferoare. Mansholt sette yn op groei en grutskalichheid, kwantiteit waard liedend yn de lânbou. It gefolch is net allinnich ekonomyskegroei, mar ek ekologyske krimp. Wa’t him beweecht oer it plattelân, sjocht in yndustrieel gerslânskip, earm oan bisten en planten. It ropt langstme op nei de soundtrack fan myn bernetiid, doe’t de maitiid in barok orkest fan kikkerts, skriezen, ljippen en ljurken wie. Opgroeid yn de jierren ’70 tusken de greiden, sit dit sintúchlike yn my opslein. It is myn anker nei dat seizoen en it is in ûnwennich gemis om it net te hearren.

Hoewol’t de ruilferkaveling yn myn bernetiid al in hiel ein op streek wie, is it boerelân sûnt dy tiid noch fierder dramatysk feroare. Dy feroaring begûn yn de jierren ’70 doe’t ruilferkaveling stipe waard troch de oerheid en in iuwenâld kultuerlânskip fan lytse lapkes blomrike greiden mei greppels, kronkeljende sleatsjes en polderdykjes transformearre waard ta in dekôr fan grutte boerebedriuwen dy’t sa effisjint mooglik harren lân bewurkje om in sa grut mooglike opbringst te krijen. De skaalfergrutting hat soarge foar in ymposante transformaasje fan it uterlik fan de provinsje. Lândykjes en sleatten waarden rjochtlutsen of ferlein. Neist de polderdykjes binne de hagen, houtwâlen en rigen beammen en oare ôfskiedingen tusken de perselen ‘opromme’. Losse snippers waarden omfoarme nei langwerpige lappen gers. Fryslân waard rjochtlinich, it lânskip feroare fan in kleurich reliëfrike lapketekken yn in abstrakt skilderij mei strakke, geometryske flakken. De hege silo’s en grutte lisboksstâlen ûnderbrekke it útsicht nei de hoarizon en hawwe Fryslân ûntdien fan har karakteristike ‘weidsheid’. ‘De Flevolandisering van Friesland’, neamt sosjaal geograaf Dolph Kessler dat hiel treffend.

Dat de yntinsivearring grutte druk leit op de natuer, is net in nij ynsicht. Al healwei de njoggentjinde iuw krige de útfiner fan de keunstdong Justus von Liebig spyt fan syn ûntdekking. It oermjittich gebrûk fan keunstdong seach hy as gefaar foar in sûn boaiemlibben. As antwurd dêrop skreau hy yn 1861 it boek De zoektocht naar de kringlooplandbouw, in term dy’t tige aktueel is sûnt demisjonêr minister fan LNV de lânbou op dy wize ferduorsumje wol.

Rom hûndert jier nei Von Liebig skreau De Club van Rome it rapport De grenzen aan de groei, wêryn’t it ferbân lein waard tusken ekonomyske groei en de gefolgen dêrfan foar it miljeu. Von Liebig en Mansholt krigen spyt fan de gefolgen foar natuer en miljeu dy’t harren wurk mei him meibrocht.

As wy earder lústere hiene nei harren of nei de Club van Rome, dan hiene wy no net sa wraksele mei CO2- en stikstoffraachstikken en wie der net sa ferskriklik folle ferlern gien. Mar it ferline kinne je net weromdraaie, wol kinne wy foarkomme dat wy spyt krije. Spyt fan ûnomkearbere saken, lykas it útstjerren fan organismen. Fuort is fuort. Foar altyd.

Fan wa is it lânskip eins? As it útgongspunt is dat elk organisme lykweardich is en dat de ierde in fijn plak wêze moat foar alle planten, skimmels en bisten (wêrûnder de mins), dan is it antwurd helder: dat is fan ús allegearre, en net allinnich fan dejinge dy’t it kadastraal yn eigendom hat. It jout in nije fisy op de ferneamde of wa wit ferearme term ‘mienskip’.

En dêr’t doarpen en stêden harren uterlik beskermje mei de titels ‘beschermd dorpsgezicht’ en ‘beschermd stadsgezicht’, wêryn’t de sloop fan histoaryske pannen ferbean wurdt, krekt as bygelyks heechbou, sa soe it Fryske lânskip it predikaat ‘beschermd landschapsgezicht’ krije moatte. Mei as eask romte foar in ryk ferskaat oan planten, skimmels en bisten.

It doel ‘de heechst mooglike opbringst helje út it lân’ soe út dat perspektyf wei oars besjoen wurde. Inkeld fan de gongbere boer út sjoen, giet it om jild: hoe krij ik safolle mooglik molke fan in ko. Mar wat no as wy ris in oar perspektyf kieze, dat fan de ko sels bygelyks. Of dat fan de fytser, de wjirm of sûnens. Dan soe it antwurd op de fraach oer de heechst mooglike opbringst hiel oars wêze, nammentlik in oaze mei greidefûgels en de hiele ekology dêromhinne yn in fochtich feangreidegebiet ‒ dat net fierder ynklinkt en CO2 frijjout ‒ as rike belibbing foar de foarbygonger.

Polderdykjes, kronkelsleatsjes, lapketekken: it lânskip kin noait wer de foarm oannimme fan eartiids. Mar it moaie is dat de inkelde boer dy’t it oars docht, syn lân foar in part ûnder wetter set en biologysk begjint te buorkjen, fuortendaliks de greidefûgels werom kriget op syn of har lân. In protte boeren wolle graach oars wurkje en net langer slaaf wêze fan bank, supermerk en feefoerfabryk. As ik ien ding leard haw fan it skriuwen fan De geur van hooi is it dat boeren hiel goed yn steat binne ta beweging, ûntwikkeling en feroaring. Sterker noch, se dogge al hast 80 jier net oars.

Mar jou har in oare rjochting. Net langer de rjochting fan it mantra ekonomyske groei, mar in ôfslach nei in ekstinsivere manier fan lânbou. Dat moat slagje kinne mei stipe fan de oerheid, want dyselde oerheid hat ommers ôfspraken makke op de VN-klimaattop yn Parys foar in klimaatakkoard. Jou boeren dêrby wissichheid foar in langere termyn, mei in grien belied foar tritich jier om mei te begjinnen, sadat se ynvestearringen dwaan kinne en doare yn in duorsume rjochting. Net út nostalgy, mar mei fisy op de lange termyn nei in sûne takomst dêr’t buorkjen goed en fijn is foar de natuer, de ko, de boer, de ekonomy én it lânskip.

Tialda Hoogeveen (1974) is skriuwer fan non-fiksje (jeugd)boeken, gedichten en ferhalen. Yn 2020 skreau se it populêre non-fiksje boek ‘De geur van hooi’ en har earste Fryske ‘young adult’-boek ‘Wurden fan Timo’ (yn it ramt fan lêsbefoarderingsprojekt LêsNo). Tialda is op it stuit û.o. einredakteur fan tydskrift ‘de Moanne’.

Christiaan Kuitwaard (1965) wennet en wurket yn Aldeberkeap. Hy folge de keunstakademy yn Grins en Kampen. Yn syn skilderijen, tekeningen en akwarellen ûndersiket er benammen de wurking fan ljocht en skaden. Syn wurk is poëtysk en tiidleas. Yn 2020 makke er mei dichter Jan Kleefstra it boek ‘Veldwerk. Over het verdwijnen van de biodiversiteit in de Friese natuur’.