‘Hello there. This is your ancestor speaking. Your predecessor from the 21st century.’ Yn har liet Your Ancestor krûpt Nynke Laverman (41) yn de hûd fan ‘foarâlder’ dy’t oan takomstige generaasjes útleit wêrom’t der net goed op ‘e wrâld past is. It nûmer is ûnderdiel fan har nije album Plant dat se makke mei har man Sytze Pruiksma. Fia spoken word sprekt se har út oer klimaatfersteuring. Wa wolle wy wêze as minske? This is Nynke Laverman speaking…
Tekst: Marrit de Schiffart | Foto’s: Marleen Annema
The colours and flavours
Of life that surrounds me
It’s criminal my interest
Is minimal
Ut: Neighbours
‘Myn ynteresse foar natuer is net minimaal, ik fiel just in grutte leafde foar alles om my hinne. It is net sa dat dat der as lyts famke al yn siet. Fansels, natuer spile in rol doe’t ik lyts wie; ik waard grut yn Weidum, boarte in protte yn it lân en wie ek in soad op in pleats te finen. Mar in opfallende ynteresse, nee dat kin ik net sizze. It wie fanselssprekkend om bûten te wêzen, dat hearde by it doarpslibben, sa’t ik ek oan keatsen en majorette die. It sjongen en dûnsjen spile wol fan begjin ôf oan in grutte rol. Ik die mei oan foardrachtwedstriden, toaniel en iepenloftspullen.
Tsjintwurdich is de relaasje tusken minske en natuer in reade tried yn myn wurk. Ik freegje my ôf wêrom’t wy ûnderskied meitsje tusken dy beide. Dat siedsje waard plante by de nomaden yn Mongolië, dêr seach ik dat it oars kin. Ik learde dat alles syn eigen enerzjy en siel hat, dat alles lykweardich is want it is oan elkoar ferbûn. In minske kin dus net mear wêze as in stien of in rivier. Nomadyske folken fiele har diel fan in gehiel, wylst wy westerlingen de minske boppe-oan sette. De minske as kening oan ’e top fan de piramide. Dêr giet Neighbours oer.’
To not get lost in the future
You must know your past, right?
Ut: Your Ancestor
‘Muzyk begjint foar my mei taal. En dan net iens by de ynhâld fan taal, mar by de klanken. Ik skriuw de bêste nûmers as de klanken my nei de folgjende sin helpe. Boppesteande sin is dêr in goed foarbyld fan. It wie de ‘ost’-klank dy’t liede ta de folsleine sin: To not get lost in the future, you must know your past, right? Pas letter waard ik rekke troch de ynhâld. Your Ancestor is it nûmer dêr’t ik it meast tefreden oer bin, it befettet alles wat ik mei dit album sizze wol.’
En alles wat ik sizze kin
Is dat leafde net stikken kin
En dat alles lyts leaf jonkje
Alles alles wat der is
En alles watsto bist
Fan leafde makke is
Ut: Sabearelân
‘Dit is it lêste nûmer dat ik skreau foar Plant. It giet oer de wrakseling dy’t je as mem fiele kinne. Ik bin mem fan twa jonges fan 9 en 6. Echte bûtenjonges, gek op de natuer, de fûgels, in hobby dy’t se fan har heit oernommen hawwe. Fansels komt de natuerproblematyk hjir thús ek ter sprake. Dan freegje se nei Greta Thunberg, wa is dat en wat wol se? Ja, wat sizze je dan as mem? Fertelst wat der oan ’e hân is of is dat fierstente heftich? As âlder wolst sizze dat alles goed komt, mar is dat wol sa? De wrâld stiet der oars foar… Wat ik wol sizze kin is dat leafde bliuwt. It kin fan foarm feroarje, mar it kin net kapot. Dat wie it iennige antwurd dêr’t ik op út kaam, dat leafde net stikken kin.’
‘Wy wolle ús bern graach meijaan dat besit net belangryk is. Sterker noch, ik leau dat it net bestiet. Yn it Westen is alles hiel bot ûnderferdield. Elk ding, elk stikje grûn is fan ien. Dêr snapt in Yndiaan al neat fan, dy seit dat de grûn fan himsels is. Dat prinsipe, dat eins neat fan dy is, mar datst it brûke meist en it dêrnei wer trochjaan kinst besykje wy de jonges mei te jaan. Ik lês ek faak foar út it boek De gulle boom. In geweldich en hertferskuorrend printeboek dat de hiele minskheid yn in nutedop fangt. It giet oer jaan, dat miskien wol moaier is as krijen. Oer in beam dy’t himsels út leafde hielendal fuortjout, oan syn freon, de minske, dy’t allinne mar nimt.’
You sense the wind of change Cassandra
Long before the others do
How come we laugh away your words
And simply turn our backs on you
Ut: Cassandra
‘Wêrom is it sa lestich om te feroarjen? Polityk, rasisme, gelikenze rjochten, corona, it ferlies fan biodiversiteit… neffens my witte wy ûndertusken dat âlde systemen net mear wurkje, mar it nije ferhaal hawwe wy noch net fûn. Wy sitte yn in tuskenfaze fan net witten. En dat fielt ûnkomfortabel. In minske hat leaver kontrôle. Yn de keunst smyt sa’n tuskenfaze faak de moaiste dingen op en ik bin derfan oertsjûge dat dat yn it echte libben ek sa is. Ast de tiid mar nimst en it net witten akseptearrest. Dat sjochst ek oan corona. In pandemy wie in totaal ûnbekend senario, wy moasten feroarje, gewoanten loslitte, ûnsekerheid talitte, mar sjoch wat it ús opsmiten hat. Yn no time betochten wy oplossingen. Dat haw ik ek dien, myn albumpresintaasje en teätertoer koene net trochgean. Dus lansearje ik no oer de perioade fan in jier alle moannen in nûmer, mei in byhearrende podcast. Dat pakt goed út, foar mysels en foar it publyk. Ik belibje it projekt better om’t ik foar elke podcast wer yn ‘e boeken dûke mei. It publyk krijt it album yn parten mei mear ferdjipping oanbean. Dêrtroch lândt it better as wannear’tst it hiele pakket yn ien jûn oer dy hinne krijst. Sa sjochst mar wer dat stilstean kreativiteit opropt. Dat stilstean net achterútgong is. Troch stil te stean joust dysels de kâns om in nij paad te finen. Yn 2019 namen Sytze en ik in sabbatical. Dat joech my de tiid om myn libbenswize oan te passen, in winsk dy’t ik al langer hie. Ik fierde in, sa’t ik it neam, húshâldlike revolúsje troch en libje no safolle mooglik plasticfrij. Earst tinkst, sûnder plastic libje, dat is net te dwaan, mar it is gewoan in kwestje fan it omlizzen fan rûtines en gewoanten. Ik gean elke wike nei de freedsmerk foar boadskippen en folje myn lege flessen en potsjes by biologyske supermerken. Sûnder tiid dêrfoar te nimmen, wie dat net slagge.’
Ik haw in thús, sizze se
Ik hear by de minsken
Ik hear by de minsken
Sizze se, do bist hjir thús
Ut: Betonblom
‘Ik fiel my net altyd thús, fiel wjerstân tsjin de wrâld dy’t wy westerlingen kreëarre hawwe. Wy binne de iennige soart dy’t net meidraait yn natuerlike prosessen. Fandêr ek dat ynheemske en nomadyske folken my sa fassinearje. Hoe’t sy nei de wrâld sjogge past better by my. Ik bin hjir grut wurden, myn foarâlden wennen hjir en dochs fielt it soms as sitte myn woartels hjir net yn ‘e grûn. Dan soe ik it leafst in plant wêze wolle, mar hoe sjit ik woartel yn beton?’
Mei Plant yntrodusearret Nynke Laverman de Slow Album Release. Oer de perioade fan in jier lit se har nije album groeie en bringt it nûmer foar nûmer út – hieltyd mei in podcast oer it tema fan dat spesifike liet. Plant groeit troch oant septimber, de offisjele albumpresintaasje is op 17 en 18 septimber op Explore The North. De teätertoer begjint op 15 oktober yn Amsterdam, de Fryske premiêre is op 16 oktober yn De Lawei yn Drachten. Yn 2022 folget in festivaltoernee. Mear ynfo: nynkelaverman.nl
Nynke Laverman (1980) is sjongeres, songwriter, spoken word artist en ûntdekkingsreizger. Se befreget it libben en sparret dêrby harsels net. Nynke sketst poëtyske, surreële wrâlden mei meast akoestyske muzyk en ierdske teksten.
Boeketips van Nynke Laverman
1. ‘The giving tree’ – Shel Silverstein (‘De gulle boom’), ek foar bern!
2. ‘De goede voorouder’ – Roman Krznaric
3. ‘Hoe gaan we dit uitleggen’ – Jelmer Mommers
4. ‘Original wisdom’ – Robert Wolff
5. ‘Jaag je ploeg over de botten van de doden’ – Olga Tokarczuk
6. ‘Mevrouw Verona daalt de heuvel af’ – Dimitri Verhulst