Dogge wy dat net allegear? Op besite by minsken dy’tst (noch) net sa goed kenst? Even gau sjen wat der yn de boekekast stiet. Ik bin bygelyks altyd bliid as ik sjoch dat minsken harren boeken alfabetysk oarderje. In boekekast wjerspegelet dochs wol wat iens persoanlikheid en sa learst inoar op in mear omsichtige wize wat better kennen. Lit my dyn boekekast sjen en ik sil sizze wa’tst biste. Miskien in idee foar in nije rubryk yn ús magazine?
Doe’t fotograaf Natalia Balanina ús ôfrûne maitiid byinoar rôp foar it jierlikse groepsportret, frege se ús op de har sa typearjende fleurige wize: ‘nim miskien even in boek mei dêr’tst gelokkich fan wurdst’. In tige subtile ferwizing nei ús projekt Lyts Gelok, mar ek in suggestje wêrtroch’t lêzers fan LETTTER ús, de meiwurkers fan Ljouwert UNESCO City of Literature, mooglik in bytsje tichter by helje kinne. Wy prate ûnderling fansels graach oer boeken, diele tips, liene boeken út of dogge inoar in boek kado. Mar in favoryt boek, in boek dêr’tst gelokkich fan wurdst? Dat hiene we noch net mei-inoar dield. Lit ik it dêrom net te maklik meitsje. Ik jou oan hokker boeken wy oan elkoar toand hawwe, mar it is miskien leuker dat de lêzers sels achterhelje wa’t wát sein hat.
Ien fan ús joech daalk al oan gjin favoryt boek te hawwen: ‘Twa boeken binne my wol altyd bybleaun: Robinson Crusoe en Ronja de Roversdochter. Yn beide boeken ûntdekke de haadpersonaazjes in nije wrâld en se leare harsels dêryn opnij kennen. Ik fernim dat ik soks sels ek nijsgjirrich fyn om te dwaan. Net allinnich troch op reis te gean, mar ek troch de boeken dy’t ik lês.’ Dat ûntdekken fan nije wrâlden ûnderfine fansels in hiel soad lêzers, it is miskien wol ien fan de wichtichste redenen wêrom’t wy lêze: ‘Ik wurd gelokkich fan Mrs Dalloway fan Virgina Woolf om’t it in boek is dêr’t it hiele libben yn besletten leit; it missen fan wat west hat, it foarútsjen nei wat der noch komt, it besykjen wat fan it libben fan al den dei te meitsjen. En hoe’t al dy dingen it libben de muoite wurdich meitsje.’
Mar men kin fansels ek gewoan lekker in boek lêze om efkes ‘fuort’ te wêzen fan de deistige beslommeringen dy’t ús allegeduerigen teisterje: ‘It boek dat my in gefoel fan lyts gelok jout, is Een dag om nooit te vergeten fan de Britske skriuwster Jill Mansell. Dit humoristyske en romantyske feelgoodboek lêst gewoan lekker fuort, ik bin dan echt even yn in hiel oare wrâld. ’ Dat ûntsnappen fynt ek in oare kollega wichtich, as it boek Before the coffee gets cold fan de Japanske auteur Toshikazu Kawaguchi op it aljemint komt: ‘Al sûnt ik Hubert Lampo lies foar de list, haw ik in swak foar boeken mei in magysk-realistysk tintsje. Boeken dy’t in bytsje ûntsnappe wolle oan de werklikheid, hawwe faak deselde útwurking op my. Dit lytse mar noflike boekje oer in kafee dêr’tst yn de tiid reizgje kinst, hat boppedat in heech feelgoodgehalte. Letterlik en figuerlik lyts gelok foar my dus.’
De lêste kollega wol altyd wat tichter by de realiteit bliuwe. Gâns, gâns favorite boeken kinne neamd wurde, mar it binne de Verzen (1890) fan Herman Gorter dy’t altyd ûnder hânberik lizze. ‘It is de winsk om it ûnsisbere dochs te formulearjen, ek al is dy hoop faak genôch idel. (‘Ik woe it hielendal sizze – / Mar ik kin it dochs net sizze.’) It is it ferlizzen fan grinzen yn de taal fan de ein fan de njoggentjinde iuw, it is it leafdefolle taalspul dat sa oansteklik wurket.’
Ernst Bruinsma
Direkteur Leeuwarden UNESCO City of Literature
Op de foto (troch Natalia Balanina) stiet it Leeuwarden City of Literature-team:
f.l.n.r.: Anja Ruiter, Berber van Oyen-Peenstra, Sito Wijngaarden, Tryntsje van der Steege en Ernst Bruinsma. Net op de foto, want genietsjend fan lyts gelok Richt: Grietje Deinum.