Krekt as ik tink dat nûmer 11 net bestiet, ûntdek ik it begjin fan in tegelpaad. It is heal ferskûle achter in pear strúkjes. Op ’e stikkene brievebus kin ik yn de healsliten letters noch krekt de namme Visser werkenne. Dit moat it goede adres wêze. Ik parkear myn auto lâns de dyk en rin it lêste ein nei it hûs dat troch in rige âlde beammen amper te sjen is. De tichte gerdinen en it buordsje ‘hier waak ik’ jouwe my net in gefoel wolkom te wêzen. Dochs ha ik noch gjin oere lyn kontakt hân oer de ferkeap fan in akwarium ‘tegen ieder aannemelijk bod’. Myn bod fan tsien euro wie fuortendaliks akseptearre. Om’t my dat te moai om wier like te wêzen, hie ik besletten it direkt mar op te heljen foar’t de ferkeaper him betinke soe.
Tekst: Gertrud Palstra | Yllustraasje: Studio Teer – Margreet de Jong
It drukken op ’e belle hat gjin inkeld effekt en op it rút tikje leveret ek neat op. Ynienen falt myn each op it papierke neist in blompot yn it finsterbank. ‘Stoffel is om de hoek’ stiet der op, mei dêrûnder in pylk nei rjochts. Ik folgje de pylk en rin om it hûs hinne. As ik achter kom, sjoch ik in grutte bult âld izer. Frames fan tafels en stuollen, in âlderwetske spiraalboaiem fan in bêd, izeren jiske-amers en oar guod dêr’t ik de oarsprong net fan thúsbringe kin. Ik hear it tichtslaan fan in doar en rin yn de rjochting fan it lûd. Krekt achter de bult mei izer wurd ik in âld hokje gewaar dêr’t de doar fan heal út de knieren hinget. ‘Stoffel is om de hoek’ stiet der mei swart ferve letters opskildere. Is Stoffel de bewenner? De persoan dêr’t ik mei maild ha? Myn nijsgjirrigens wint it fan it fage gefoel dat der wat net doocht en ik rin links om it hok hinne om’t de pylk ûnder de tekst dy kant op wiist. In modderich paadsje bringt my troch in stikje greide nei de wâlskant fan in sleat. In lege winkelwein fan de Aldi liket de ein fan it paad te markearjen. In oanlissteger fan jerrycans en fermôge planken stekt in pear meter it wetter yn. Ik sjoch om my hinne. Gjin minske te sjen. Ek gjin buorden oer Stoffel. Krekt as ik beslút dat ik foar de gek holden wurdt en omkeare sil, hear ik it stadich tuffen fan in motorke. Ut de tichte reidkraach wei ferskynt in boatsje dat myn kant op fart. De man yn ’e boat stekt de hân omheech en ropt: ‘Dêr wiene jo al. Jo binne allinnich? Net ien is jo folge?’
‘Fansels net,’ sis ik, ‘wêrom soe der ien achter my oankomme?’
‘Fanwege Stoffel. Minsken pleagje him altyd.’
‘Ik kom foar it akwarium.’
‘Jawis, mar it akwarium is fan Stoffel. Ik ha noch eefkes mei him te farren west, dat is er sa wend sjoch. Wy hâlde beide fan it wetter.’
De man leit it boatsje oan. Dan pas sjoch ik it akwarium dat foar him yn it boatsje stiet. Yn it lytse laachje wetter swimt in skyldpod. De man komt oerein en tilt de glêzen bak op.
‘As jo him eefkes oannimme en yn de winkelwein sette, kinne jo fuort mei him yn ’e kunde komme.’ Sûnder op myn antwurd te wachtsjen triuwt er my de bak yn ’e hannen en springt dêrnei op ’e wâl. Ferbjustere doch ik wat er seit.
‘Sjochst wol Stoffel, dizze man wit wat er dwaan moat.’
Hy bûcht him oer it akwarium en aait sêft oer de hurde boppekant fan it bistje. Dan pakt er de winkelwein en begjint te rinnen. Wifeljend kom ik efter him oan.
‘Tink derom,’ seit er nei in meter as tweintich wylst er it weintsje stadich nei links ta draait, ‘no moatte jo net te hurd. As jonkje is er in kear de bocht útflein en sûnt dy tiid wol er it leafst allinnich rjochtút.’ Hy bûcht him wer oer de winkelwein en tikket op it glês. ‘Ja no, Stof, al bist no in grutte fint, dyn holtsje is noch altyd bang. We binne der hast.’ Ik wit net oft dy lêste wurden foar my of foar it bistje bedoeld binne.
‘Stoffel hat wat help nedich,’ seit er no tsjin my. ‘Allinnich kin er it net.’
‘Ik kom foar it akwarium,’ werhelje ik. ‘Sûnder Stoffel,’ sis ik der foar de wissichheid achteroan.
‘Sst. Lit it him net hearre. Dat is sa begrutlik.’ De man begjint te flústerjen. Mei de mûle ticht by myn ear praat er fierder: ‘Hy is myn bêste maat. Hy moast sa gûle doe’t dy frou sei dat it akwarium ferkocht wurde moast.’ De man praat no noch sachter. ‘En se woe Stoffel swimme litte. Ik sei noch dat de sleat fierstente donker wie, mar se woe my net leauwe.’
‘Welke frou?’ Ik flústerje no ek.
‘Dy frou fan de gemeente. Dy’t foar my soarget no’t mem hjir net mear is. Se seit dat ik hjirwei moat.’
‘En Stoffel kin net mei?’
‘Hy wol hjir bliuwe.’ De man hat de triennen yn ’e eagen. ‘Doe sei se dat we him hjir litte kinne. Hjirachter yn ’e sleat. Om’t er fan wetter hâldt, sjoch.’
‘Mar net fan de sleat,’ sis ik wylst ik him help om de winkelwein oer in losse stien hinne te tillen.
‘Jo begripe it. Hearst dat, Stof? Dizze man begrypt it.’ Hy pakt my by de hân en knypt der even yn. ‘As jo dat no even tsjin dy frou sizze, bring ik Stoffel fêst thús. Se swimt hjir achter yn ’e sleat.’
