Hûndert dagen lang literêre ljochtpuntsjes ûntdekke. Mei it projekt Lyts gelok ferrast Ljouwert City of Literature dy mei bysûndere teksten op ûnferwachte plakken. Under Arcadia, fan 17 maaie o/m 24 augustus, dûke rûnom yn Fryslân koarte fragminten op ‘yn it wyld’ en wurde hjir en dêr folsleine ferhalen publisearre. Ek fierderop yn dizze LETTER is in Lyts gelok-publikaasje te finen – de 49ste alwer. Tiid foar in weromblik, en: wat stiet ús noch te wachtsjen?

Tekst: Tryntsje van der Steege | Foto: Piet Douma

As der ien is dy’t ferstân hat fan lyts gelok, dan is it wol e Lytse Prins. Yn it wrâldferneamde boek dat Antoine de Saint-Exupéry yn 1943 oer him skreau, is in piloat delstoart yn de Sahara. Dêr moetet er ta syn ferrassing in bûtenierdske lytse prins, dy’t de piloat alderlei ferhalen fertel oer de planeet dêr’t er wei komt en oer de bewenners fan oare planeten dy’t er ûnderweis tsjinkommen is.
It wûnderlike boek De lytse prins sprekt ek no noch ta de ferbylding fan lêzers fan alle leeftiden, krekt om’t it in oade is oan ferbylding en ferwûndering.

Oar perspektyf

De lytse prins sjocht mei ferwûndering nei de frjemde gewoanten fan de minsken op Ierde en op in stikmannich lytsere planeetsjes. Mei syn frisse observaasjes biedt er in oar perspektyf op wêr’t wy mei dwaande binne, hoe’t wy mei-inoar omgean, wêr’t wy ynfloed op hawwe – en wêrop net. Lyts as er is, kin de prins ús grutte wiisheden leare. Hy lit sjen dat wat wichtich is yn it libben soms mear tiid en muoite kostet, mar dat it dy altyd wat moais opsmyt, ast it mar sjen wolst. Foar de lytse prins binne dit nammers hielendal gjin grutte wiisheden, mar lytse fanselssprekkendheden yn in libben dat draait om soarch drage foar watst leafhast. En wat de lytse prins leafhat is syn blom, de aldermoaiste en iennichste roas op syn eigen lytse planeet. Sy is bysûnder en belangryk foar him omdat er foar har soarge hat en geniete hat fan har rook en har uterlik en har oanwêzigens – in oanwêzigens dy’t, sels as hy fier fan hûs is, syn blik op de stjerren ekstra glâns jout, gewoan om’t er wit dat sy der ergens is.

Ferwûndering

Yn tiden fan grut leed yn ’e wrâld kin it dreech wêze om it lytse gelok sjen te bliuwen dat glâns jout oan de dingen. As der safolle is om mismoedich en fertrietlik fan te wurden, is it bysûnder ast ynienen rekke wurdst troch wat lyts; in dierber foarwerp, in fertroud luchtsje of lûd, de skittering fan it ljocht.
Wêr fynst dy ferwûndering, dy lytse mominten fan gelok? Wat jout hâldfêst, wat binne de dingen dêr’t dyn búk fan begjint te kribeljen, op hokker mominten krijst triennen yn ’e eagen, of in glim om dyn gesicht ast deroan werom tinkst? Kinst it lytse gelok eins wol fêstpakke of ferfljocht it as in gefoel dat dy oerfalt? Hokker gelok fertsjinnet in grutter ferhaal, of in pear moaie wurden?
Dy lêste fraach stelden wy oan hûndert skriuwers út Fryslân, Nederlân en de rest fan de wrâld. Mei-inoar skreaune sy hûndert teksten, gedichten, ferhalen, strips en essays dêr’t se yn diele wat har rekket. En sels dat smiet foar guon fan har al lyts gelok op.
Paulina Flores – op dei 3 te sjn op nûmerplaatstikkers – liet witte dat se meastentiids mei tragyske of sels synyske tema’s wurket. Mar ús útnûging brocht har derta ‘om optimistysker en hoopfoller te tinken, en dat wie in ferfrissende feroaring’. Ek Benny Lindelauf – op 15 augustus, dei 91, ergens yn Fryslân te ûntdekken – frege him foar syn gedicht ôf ‘wannear’t ik sels in momint optild wurd út it deistige, as troch in weach yn in kalme see: even litte dyn fuotten los fan de boaiem, even sweefst, dan wurdst wer foarsichtich weromset’.

Goed oplette

Elk fan dizze hûndert teksten wurdt hieltyd op in oare, ferrassende manier ‘publisearre’, op ferskillende plakken yn de provinsje en yn gearwurking mei útinoar rinnende keunstners en organisaasjes. Sadwaande kinne de Lyts gelok-teksten sels ek foar ferwûndering soargje ast tafallich ynienen ergens in moai fragmint tsjinkomst. Sa wie der yn de earste 48 dagen fan it projekt al in tekst fan Koen Schouwenburg te sjen op in sportshirt by de Swit en Sit-run yn Itens, en fan de Frânske skriuwster Muriel Barbery op in fyts by de Fytsalvestêdetocht. Der waarden stikkers, taskes, pinnen en museumkaartsjes útdield mei sitaten fan ûnder oaren Carolina Trujillo en Lola Faber. It hiele doarp Lytsewierrum krige hânskreaune post mei in fragmint út it ferhaal fan Revka Bijl, en op it strân fan Warkum lieten de Typesetters in dichtrigel fan Marjoleine de Vos dûnsje. En hast al earne ien fan de 35 makeldersbuorden sjoen mei in oprop fan ús eardere residinsjeskriuwer Pia Prezelj?

Krekt as by Utsteld gelok, it Arcadia-projekt fan CoL yn 2022, binne alle teksten fan Lyts gelok yn it gehiel werom te lêzen op de website kleingeluk.frl. Hjir binne ek foto’s te sjen fan alle ferskiningsfoarmen, want krekt as mei ‘echt’ lyts gelok binne guon teksten samar wer ferdwûn. Soms is it al genôch om te witten dat it bestiet, krekt sa’t de lytse prins genôch hat oan de gedachte oan syn roas: ‘De stjerren binne moai, en dat komt troch in blom dy’tst net sjochst …’

Feiten oer Lyts gelok-skriuwers:
– 54 froulju en 46 manlju skreaune in tekst.
– De jongste is berne yn 2012, de âldste yn 1947.
– Der komme 40 skriuwers út Fryslân, 33 út de rest fan Nederlân, 9 út Flaanderen, 12 út kollega-Cities of Literature en 6 út oare lannen.
– Der is skreaun yn 15 ferskillende talen. Neist Nederânsk en Frysk ûnder mear Katalaansk, Yslânsk, Koreaansk, Litousk, Sloveens en Nederlânske Gebeartetaal.
– Der wurken 11 literêre oersetters mei, dêrûnder dizze.