Seis redens om it lêzen te litten - Leeuwarden City of Literature

Lêzen is goed foar dy. It skerpet dyn geast, ferlingt dyn libben, kalmearret de senuwen. Blablabla, it sil wol. Lit it lêze mar lekker oer oan in oar! Wat is dyn reden om net te lêzen?

Tekst: Berber van Oyen | Yllustraasjes: Perla Schippers

Gjin tiid

Neist wurk of stúdzje sloarpje foaral telefoan en telefyzje al dyn oandacht op. Hoe silst dy lêstiid fine, bûten de fakânsjes om? In pear tips. 1. Tôgje dyn (e-)boek altyd mei. Ergens even wachtsje? Net swipe, mar blêdzje! 2. Lês ien boek tagelyk. Dan sitst der echt yn en wolst trochlêze. 3. Kies in fêst lêsmomint. Altyd foar it sliepen, standert yn ’e trein, by it moarnsiten. Regelmjittigens lit dy lêsmeters meitsje.

Gjin jild

Boeken djoer? In lidmaatskip fan ’e biblioteek is hiel goed te beteljen (en ûnder de 18 sels fergees). Op rommelmerken, weijouplakken, yn omrinwinkels, antikwariaten en minybybs kinst ek goedkeape of fergeze pearels fine. Hoe? Googelje op ‘goede kringloop boeken’ en kom bygelyks terjochte by Hart in Friesland (Drachten) of de Kuubskist (De Lemmer). Gean der troch de wike hinne, leafst krekt nei in byfulmomint. Nim in listje mei fan klassikers en auteurs dy’tst graach lêze wolst. En: nim de tiid!

Gjin idee

Jout it lêzen dy gjin wille? Of fynst it lestich kiezen út de rom 10.000 boeken dy’t der allinnich al yn Nederlân jierliks ferskine? Freegje advys yn boekwinkel of byb foar titels dy’t by dy passe. De Culturele Apotheek skriuwt sels lêsresepten út. Wat ek helpt is in lêsklup. Lêst itselde boek en wikselest ûnderfiningen út. Noch in tip: boek net leuk? Lis it oan ’e kant!

Gjin styl

Lêzen stom? In boek ûnder de earm net cool? Pas op, do dochst ‘de lêzer’ tekoart. Der binne nammentlik in hiel soad soarten lêzers. Fan ‘De Oanienweilêzer’ dy’t boeken mist oant ‘De Ulixes-lêzer’ dy’t klassikers oars net as foar syn/har imago etalearret (sjoch ‘Hokker type lêzer bisto’ op hebban.nl). Betink: in boek ûnderstreket wa’tst bist én is in perfekte petearstarter!

Gjin kâns

Bist oan hûs bûn of wennest net yn ’e buert fan in (kantoar)boekhannel of biblioteek? Ek dan binne boeken binnen hanberik. Los fan de besoarchopsjes fan dy ‘dealers’, kinst fansels ek hiel goed online dyn lêsfoer besette. Oft it no in e-book of harkboek is (bygelyks fia onlinebibliotheek.nl), de literatuer komt graach by dy.

Gjin talint

Lêzen kin lestich wêze. Bygelyks om’tst dyslektysk bist of fan hûs út in oare taal praatst. Miskien is samenlezen dan wat foar dy. Tagelyk deselde tekst lêze en der oer prate. Dat helpt by it lêzen en is ek nochris gesellich. Yn jannewaris 2024 sette wy útein mei samenleesgroepen yn hiel Fryslân.

Perla Schippers (38) wennet op It Hearrenfean, dêr’t se wurket as (technysk) skriuwer en oersetter. Tekenjen is har oare passy en yn har frije tiid makket se dan ek in soad abstrakte pintekeningen. Dizze begûn se yn 2018 op har Instagram @Liefsperla, te setten. Fan 2019 ôf pleatste se alle dagen in nij keunstwurk en yntusken hat se dêrtroch mear as 65.000 folgers. Perla’s tekeningen binne meastal swart/wyt en fjouwerkant, soms mei ien of twa kleuraksinten. Underwerpen as húskes, famkes, fauna, organyske patroanen en sinteangles passearje regelmjittich de revu. Perla besiket in soad ôf te wikseljen, wat har wurk hiel ferskillend en tagonklik makket. Se hat al oer de hiele wrâld tekeningen ferkocht en die yn 2020 mei de Keunstrûte It Hearrenfean as ien fan de keunstners.