It antwurd - Leeuwarden City of Literature

Tekst en yllustraasje: Sanne van Balen | Foto: Wouter le Duc

De lêste kear dat er troch in ûnbekend nûmer út it bûtenlân belle waard, wie him hast in rige ensyklopedyen oansmard. No lit er de telefoan trilje yn syn hân. Hy stiet by in tafel mei djippe groeven yn it hout, fan dy kieren dêr’t ryskerlen yn weiwurde kinne. Al in oere doarmet er troch de omrinwinkel yn Drachten sûnder ergens om te sykjen. Ien hie him ferteld dat Drachten ien fan ’e bêste omrinwinkels fan Nederlân hat. Hearlik fynt er it mei syn fingers guod fan oaren oan te reitsjen. Slasintrifúzjes, stofsûgers mei oranje ‘docht it’-stikkers derop, bysettafeltsjes, ôfdriprekken, in stilsteande klok.

M sjocht nei it berjocht dat opljochtet fan it telefoanskerm, yn wite letters stiet der ‘jo ha ien nij berjocht’. Hy klikt en harket nei de voicemail. De tiid dy’t tusken it oanklikken fan de voicemail en it wachtsjen op it boadskip sit, fynt er magysk. Alles is noch mooglik, neat is noch sein. Elk antwurd kin noch jûn wurde. It is in iepen plak yn ’e bosk. In krúspunt sûnder ANWB-poddestoel.

‘is cancele, ik moat in nije boeke. Miskien kom ik moandei. Kinst ek even sjen wêr’t myn fersekeringspas is’. It is Femmy. Fansels is it Femmy. Fansels is har telefoan stellen. Fansels komt se fiif dagen letter thús. Moandei, dat is pas oer in lytse wike. Hy wachtet. Wachtet oant se noch in kear bellet. Of in berjocht stjoerd. Fansels docht se dat net. Hy draait him om nei de tafels fol diggelguod en koeketrompen mei pompeblêden.

Hy stjoert Femmy gjin reaksje. M twivelet hieltyd faker oer wat er sizze moat en freget him ôf oft de wurden dy’t er seit wol itselde binne as de wurden dy’t er tinkt. De stim yn syn holle klinkt sa oars as dy lûdop, lûder, mear ôfbeakene, skerp mei wat puntichs. As sit der achter al syn wurden in letter t. Femmy hat in strieljende stim, sa ljocht en glânzjend krekt poetst sulver yn ’e grutte bestekbakken flakby de kassa’s. M rekket mei syn hannen de messen oan, syn fingers meitsje plakken op it sulver. Der sitte gjin doffe rântsjes oan Femmy, se kin lûd skatterje en ek hiel goed raze. Der hat noch noait ien west dy’t har net hearde as se rôp. M hat it idee dat syn stim it minder goed docht. Dat der skuorren yn syn wurden komme, krekt as ferskine der yn it wylde wei ûnsichtbere ôfbrekstreekjes op plakken.

As er syn namme sizze moat, freegje de measte minsken oft er it staverje kin.
‘M’
‘E m?’
‘Nee de M fan M.’
‘Fan Emma?’
‘Nee allinnich de letter m’
‘Ien letter?’
‘Ja.’
‘Mei dat wol?’
‘Ja.’

Miskien om’t syn namme sa’n bytsje letters hat, hat er hieltyd minder te sizzen. Mooglik om’t syn namme amper in namme te neamen is. It is in klank. In teken. Soms is er benaud dat syn stim hielendal ferdwine sil. Dat it lûd oprekket. ‘Miskien kinst boksles nimme,’ hie Femmy sein. Dy tocht dat it allinnich in kwestje fan selsbetrouwen wie. Dat er net lekker yn syn fel siet. Dat er sûn ite moast, in soad bewege.

Wylst er nei in steande lampe sûnder pit sjocht, tinkt er nei oer de ôfrûne wike. Hy is wurdfierder foar de gemeente en miskien wurdt it tiid om ûntslach te nimmen. In net-winske stilte is net sûnder lûd, it klinkt as it rûzjen fan ’e wjukken fan in wynmole. Mei slaggen, as sit der hjir of dêr in kink yn ’e kabel. Wa’t by parsekonferinsjes tsjin him oer sit, doart him amper oan te sjen. Harren eagen sjitte fan links nei rjochts, mûlshoeken lûke. Se skowe mei de skonken, lûke de wynbrauwen op. As sjogge se út ’e fierte wei ta hoe’t in autoûngelok op in oare weihelte bart. Syn baas hat him sein mear yn it foar op te skriuwen, mar hy wit dat dat it probleem net is. Fansels soe er wol sprekke wolle, hy soe hiele boeken skriuwe wolle. Ferskes meitsje wolle, sjonge, raze.

Hy wisket de voicemail. Stadich rint er fierder lâns de bankstellen yn ’e rjochting fan ’e boartersguodhoeke en knikt nei ien dy’t net werom knikt, mar yn in doaze mei strânskulpkes begjint te rommeljen. Omrinwinkels rûke allegear gelyk, nei guod. Guod mei fettich stof, oankoeke oantinkens en lagen ûnbrûkbere ynwikselberens. In plestik glydbaan, in reade slide, in teddybear sûnder noas. Guod dat oait betsjutting hie foar immen en no ôftanke is, leit te wachtsjen op in nije eigener.

Dan stiet er by de elektraôfdieling mei de fingers kabels apparaten yn en út te folgjen. In lyts swart foarwerp lûkt syn oandacht. Ferstoppe tusken snoeren, stekkers en telefoans leit it dêr: in antwurdapparaat. It hat in speaker, in kroljende stroomkabel, sân knoppen en in telwurkje. Sûnder te twiveljen nimt er it apparaat mei.

Hy rydt oer de mannich rotondes yn Drachten mei it antwurdapparaat neist him op ’e byridersstoel. It apparaat skoot mei yn ’e bochten, mar docht fierder neat. Hy tinkt him yn hoe’t der in berjocht op stiet dat de beëage ûntfanger noait berikt hat. Hy tinkt him yn dat dejinge oan wa’t de stim tabehearde faaks sels al stoarn is. Is dat dan libben nei de dea? Miskien krijt er in stim te hearren dy’t him in teken jout. In stim dy’t him seit wat er dwaan moat. Dy’t him seit wat er sizze moat.

M komt thús en set it antwurdapparaat op ’e grûn. Nijsgjirrich sjocht er nei it menuskerm wylst er de stekker yn it stopkontakt stekt. Der begjint in grien lampke te baarnen, hy lêst it sifer nul. Dat hie er net ferwachte. M drukt op ’e ôfspylknop en besiket wat te hearren yn ’e stilte dy’t klinkt. De stilte oan ’e ein fan in telefoangesprek is minder leech as in stille romte. Minder as stilten dy’t falle midden yn in petear, stilten ûnder in lêzing, stilten yn in stiltekûpee. Hy sjocht om him hinne, de gerdinen binne heal ticht, de foardoar is op ’t slot. Foarsichtich ferpleatst er syn finger nei de opnimknop. It iennichste dat er hoecht te dwaan, is de knop yndrukke.

Sanne van Balen (Boarnburgum, 1994) is skriuwer en byldzjend keunstner. Fassinearre troch de wurking fan taal en de wize wêrop’t taal stal krijt yn mear as allinnich tekst, makket se essayistysk proaza en poëtyske ynstallaasjes. Sanne studearre Nederlânske letterkunde oan de UvA en Beeld&Taal oan de Gerrit Rietveld Akademy. Fan 2012-2014 wie se de earste gemeentedichter fan Smellingerlân. Se joech yn eigen behear de novelle Blak Water út en yn 2024 ferskyn har debútroman by Uitgeverij Podium. Se publisearre ûnder mear yn De Internet Gids, op Mister Motley en platfoarm Hard//hoofd.