DE ÂLDE STRIID

ik wie in stien mar no bin ik in kerrel sân
dy’t knarst tusken de tosken op it strân

as de hûd gleon fan sinne brânt
en de loft sa alderheislikste blau – ik wie  

in wolk dy’t harsels útrôle mar harsels net joech
omdat it eng is. earder wie ik it sjongen fan de fûgels

foar de hjerst wie ik in appel noch stûpjend oan de tûke
yn novimber. mar no bin ik amper te fernimmen

yn in fierder kreas opromme hûs leit altyd stof op it gongkleed
ien rottich lyts kerreltsje sân dat net sûnder kreakjen ferdwynt

OP SNEINTEJÛN FOAR IT HÛS FAN MATA HARI

in bytsje sinne nei in dei fan rein, stadichoan ferdwynt de
arsjitektuer fan it ferline. guon hûzen binne boud om

achter te litten mei har smoarende waarmte ha se my nea
beskerme. sjoch de soldaten rjocht yn ’e eagen en blaas

tútsjes dy’t sykje om it hûs dat ferlern gie. ik set myn namme der
ûnder draai wurden om har hinne as tentakels as in skepsel

fan ’e see. in bern út wetter en stien mar no’t har hûd
begjint te sykheljen bringt de jûn alles wat men ferjitte

woe werom de eangst it skuldgefoel de ûngerêstens
ik soe mysels al dy winters ferjaan wolle

Oersettingen: Arjan Hut