Kin taal dyn geloksgefoel fergrutsje? - Leeuwarden City of Literature

Tekst: Nynke van der Zee | Foto’s: Denise Amber & Lucas Kemper

Lânskipspine: it wurd waard betocht troch sjoernaliste Jantien de Boer en beskriuwt har langstme nei it boerelân fan eartiids dêr’t blommen, planten, fûgels en ynsekten alle romte krigen. Mar hoe sit dat eins mei in taal? Is it mooglik om langstme te hawwen nei in taal? Kinst in wurd misse? Of noch in stapke fierder: kin taal dyn geloksgefoel fergrutsje?

Oan de grutte tafel yn de foyer fan de Ljouwerter skouboarch De Harmonie sitte ArunA Narain, Pinar Gezmen en Eelco Galama. Alle trije taalleafhawwers en dielnimmers oan it Pidgin Ljouwert-projekt. Tegearre mei keunstner Ahilan Ratnamohan ûntwikkelen hja in nije, demokratyske taal, dêr’t besteande talen in plakje yn krigen. ‘In pidgintaal is in taal dy’t ûntstiet as minsken dy’t elkoars taal net kenne, elkoar dochs besykje te begripen,’ fertelt Eelco. ‘In ienfâldige taal, dêr’t neat fout yn is.’

It wy-gefoel

‘Taal is bedoeld om mensen te verbinden,’ fynt ArunA. ‘Natuurlijk kun je met handen en voeten communiceren, maar taal zorgt ervoor dat je elkaar beter begrijpt. Ik spreek Nederlands, Sarnámi, Sranang Tongo en Hindi. Zeker wanneer je dezelfde taal spreekt, kom je in een diepere laag terecht, waarin gevoel een belangrijke rol gaat spelen. Met taal creëer je een ‘wij-gevoel’, het gevoel dat je ergens bij hoort. Die diepere verbondenheid die een taal geeft, kun je nergens anders mee vergelijken. Dat is pure rijkdom.’

‘Ik ben enorm trots op mijn taal. Het is wie ik ben, mijn geschiedenis’

ArunA Narain (47) út Ljouwert praat mar leafst fjouwer talen: it Nederlânsk, Sarnámi, Sranang Tongo en Hindi. As sjongeres brûkt se har meartaligens yn har optredens. 

De pine fan taal

In gefoel dat Pinar hiel goed werkent. Tagelyk sjocht sy ek geregeld de skaadkant dy’t in taal meibringt. ‘Ik ken mensen die hun moedertaal heel bewust hebben achtergelaten toen ze naar Nederland kwamen. Juist omdat de taal hen herinnert aan hetgeen ze zijn ontvlucht. Taal kan dus ook pijn doen. Het is vooral de setting waarin je dezelfde taal spreekt die ervoor kan zorgen dateen taal een rijkdom is. Ik spreek heel bewust Nederlands met vrienden en collega’s, omdat ik me Nederlandse voel. Ik ga niet op zoek naar Turkse communities om de Turkse taal nog te spreken. Dat doe ik alleen met mijn moeder en mijn zussen. Met hen voel ik die diepere verbinding. Dat gevoel van thuiskomen via de taal.’

Taal soarget foar werkenning mar ek foar érkenning’

Eelco Galama (66) is hikke en tein yn Friens. Hy wenne en wurke ûnder oare yn Libië, Thailân en Eastenryk.

Sjoen wurde

Ek Eelco brûkt de taal om tichter by elkoar te kommen. Njonken it Frysk praat er Nederlânsk, Liwwadders en ken er in pear wurden Arabysk en Thaisk. ‘Ik ha in skoftke yn Thailân en Libië wenne. Dêr ha ik altyd myn bêst dien om de taal te learen. Troch dy te ferdjipjen yn de taal, ferdjippest dy ek yn de kultuer. Dizze talekennis kaam my letter goed fan pas doe’t ik as dosint by NHL Stenden Hegeskoalle foar de klasse stie. Sa no en dan hiene wy studinten út it bûtenlân yn de klasse, dy’t ik yn harren eigen taal oanspruts. Wannear’t ik studinten by de doar begroete mei salāmu ʿalaykum seach ik harren gesicht opklearjen. It gefoel fan werkenning mar ek érkenning. It gefoel datst sjoen en wurdearre wurdst: dat kin taal mei dy dwaan.’

‘Als ik boos ben, kan ik zo snel geen Nederlandse woorden vinden’

Pinar Gezmen (36) kaam op achttjinjierrige leeftyd út Turkije nei Ljouwert. Yntusken wennet en wurket se yn Grins as operaasjeassistinte. 

Wurden misse

Oft se in wurd misse út harren eigen taal dat net bestiet yn it Nederlânsk? ‘Oh ja, heel veel,’ laket ArunA. ‘Het Sarnámi kent zoveel woorden die in het Nederlands niet bestaan. Neem het woord jhutha. Dat gebruik ik wanneer iemand anders van mijn glas heeft gedronken en ik het niet meer wil. Zo’n woord heb je niet in het Nederlands.’ ‘Wij noemen dat ziyan etmek,’ fult Pinar oan. ‘De vertaling ‘vies’ volstaat niet. Het is meer dan dat.’ ‘Bjusterbaarlik is in goed foarbyld út it Frysk,’ fynt Eelco. ‘De oersetting bijzonder rekket net de essinsje. Bjusterbaarlik is folle mear as dat.’

Dreame, tinke en fiele

Op de fraach oft taal dyn geloksgefoel fergruttet, antwurdet it trijetal unanym ja. ‘Ik ben enorm trots op mijn taal,’ seit ArunA. ‘Het is wie ik ben, mijn geschiedenis. Taal is voor mij echt geluk.’ Pinar knikt ynstimmend. ‘Het Turks is mijn moedertaal, de taal die ik voor het eerst hoorde en sprak. De taal waarin ik droom, denk en voel. Wanneer ik boos ben kan ik zo snel geen Nederlandse woorden vinden. En een Nederlands boek raakt me lang niet zo als een boek van een Turkse schrijver. De Turkse taal is nou eenmaal de taal van mijn hart.’ Eelco nimt it slotwurd. ‘Taal is folle mear as grammatika en wurden. It is de wize dêr’tst emoasjes op mei-elkoar dielst. Essinsjeel om elkoar te begripen en ta understanding te kommen.’

Pidgin Ljouwert

Kinst in nije, demokratyske taal meitsje dêr’t álle besteande talen in plakje yn krije? It is de fraach dy’t keunstner Ahilan Ratnamohan himsels stelde. Yn 2020 gong er de útdaging oan yn Ljouwert. Mei ynwenners út de stêd makke er in nije taal: Pidgin Ljouwert. Pidgin Ljouwert is in projekt fan produksjehûs Explore the North, Afûk en Leeuwarden City of Literature. It wurdt stipe troch de Proeftuin Meertaligheid fan We the North. Yntusken hawwe der ek Pidgin-projekten draaid yn Grins en Zwolle. www.pidginx.com