Gelok yn 'e nacht - Leeuwarden City of Literature

Tekst: Berber van Oyen | Illustratie: Berber van den Brink

It ljocht sjen, ljocht yn it tsjuster, in ljochtpuntsje ûntdekke, allegear útdrukkingen foar (op ’e nij fûn) gelok. Mar gelok skûlet ek wis wol yn ’e nacht! Einlik rêst, tsjuster, dreamen. Of krekt: einlik libje, tiid, konsintraasje! Hokker gelok bringt de nacht? 

As de sinne ûndergiet – yn ’e simmer sa om tsien oere hinne – wurdt in nije wrâld wekker. Under mear ûlen, flearmûzen, dassen en nachtflinters fiele har hielendal yn har elemint.

***

Kinst dy wekkere bisten ûntdekke yn it Dwingelderfjild. Fanôf Anserpad 2, Dwingeloo start in nachtkuierrûte fan fiif kilometer fan Natuurmonumenten. Wol stil kuierje!

***

Nachts lekker sliepe? Dan bist de oare deis skerper en alerter, fleuriger en positiver. Fan struktureel genôch sliepe knapst wat sûnens en looks oanbelanget enoarm op.

***

Foar mannichien is de nacht krekt it momint om te wurkjen. As frachtweinsjauffeur, yn in magazyn, yn ’e soarch. Lekker konsintrearre oan ’e slach, sûnder telefoan, mail en file.

***

Der binne fansels ek minsklike nachtbisten; net foar neat ha wy it oer it ‘nachtlibben’. Dûnsje en drinke oant yn ’e lytse oerkes betsjut foar mannichien ultym genietsjen.

***

Al om twa oeren foar sinne-opkomst hinne begjinne sjonglysters en klysters te sjongen. Der komme hieltyd mear soarten by, mei om sinne-opgong hinne in pyk. In deistich fergees fluitkonsert.

Hast nergens is de wrâld mear echt tsjuster. Dat is min nijs foar ússels en foar de natuer. Tink oan fersteurde (sliep)ritmes, ûnsichtbere stjerren en in himelheech enerzjyferbrûk. Wat kinst deroan dwaan? Sjoch foar tips op nachtvandenacht.nl.