Gelok sit yn de holle - Leeuwarden City of Literature

Tekst: Wendy Kennedy | Foto’s: Aron Weidenaar

In hurde fal op ’e holle, no 4,5 jier lyn, feroare yn ien klap it libben fan aktrise en sjongeres Tet Rozendal. Se stie doe as 34-jierrige jonge frou middenyn it libben doe’t alles stil foel. In tsjustere tiid folge, mar úteinlik fûn se har gelok wer. Hoe hat se dat fûn en wat is gelok foar har?

‘It wie 17 desimber en ik rûn nei de auto. Ik hie net yn de gaten dat it glêd wie en foardat ik it wist fleagen myn fuotten yn de loft en lei ik mei de holle achteroer op ’e grûn.’ Se rûn in harsenskodding op en moast it rêstich oan dwaan. Nei uterlik seis wiken soe it oer wêze, mar it rûn oars. ‘It waard hieltyd slimmer en ik hie konstant pine.’ Nei ferrin fan tiid en allerhanne ûndersiken waard dúdlik dat it om traumatic brain injury gie. Der wie gjin behanneling foar, seine se yn it sikehûs en se moast der mei leare libjen, wie it boadskip dat se krige. Se wie op toer mei har foarstelling Mata Hari en hie krekt in nije freon. ‘Ik libbe myn dream.’ 

Se koe har hjir net by del lizze en hat ferskate lichemsrjochteterapyen folge dy’t har bytsje by bytsje fierder brochten. ‘Ik haw no einlik it gefoel dat ik wer wat mysels bin, fansels wol mei beheinings. It is in grut kado, ik bin hjir hiel tankber foar.’ Se moat noch wol hiel bewust kieze wat se wol en net docht en ek wer de tiid nimme om te herstellen. 

Dochs is dit net wat har it lok wer werom jûn hat. ‘Ik haw it idee dat ik troch myn sykte yn in hegedrukpanne sitten haw. Foar myn gefoel bin ik mentaal no wol tachtich jier âld. Ik wit no wat der foar my ta docht en kom rapper ta de kearn.’ Se fertelt dat se libbet yn it ‘no’. ‘Ik haw jierrenlang mei in hiele protte pine lein en ik koe gjin prikkels ferneare. It wie oft ik finzen siet yn myn lichem, dat wie in hiele swiere tiid.’ 

Se wie al bekend mei meditearjen en dat wie foar har in gelok, want wat nijs leare slagge doe perfoarst net. Meditearjen wie jierrenlang sa’n bytsje it iennichste dat se koe en it holp har om de drege dagen troch te kommen. ‘Ek al hast it swier, noch hieltyd kinst yn it moment wêze. Der is dan noch gewoan romte foar lytse dingen wêr’tst fan genietsje kinst. Sa as in fûgeltsje yn de tún, in boskje blommen fan in freondinne dy’t oan dy tinkt of in lekker slokje kofje.’

Se fertelt oer har besef dat gelok net oer it grutte en it meislepende giet. ‘Foar myn ûngelok tocht ik altyd dat ik wat fan mysels meitsje moast en focht dêrfoar. Mar dêr sit it gelok net. Ik sjoch no dat it net falt of stiet mei de mate fan myn sukses, mar dat it folle mear sit yn bygelyks in ferbiningsmomint mei in kollega.’ Ek har hûn Famke jout har lok. ‘Doe’t ik sa siik wie koene myn harsens taal net ferwurkje en dêrom koe ik gjin minsken om my hinne ha, want minsken wolle prate en dat koe ik net. In bist makket kontakt sûnder wurden. Ek al fielde ik my sa beroerd, sy krûpte ticht tsjin my oan.’

‘Fierder wit ik no dat it hiel belangryk is om goed foar mysels te soargjen. Want dan kin ik oaren ek helpe. Dat koe ik hiel lang net, wylst ik fan oaren helpe sa gelokkich wurd.’ Op de tafel by har thús yn Menaam stiet in boskje blommen mei in gedichtsje derby oer freonskip. ‘Fan in freondinne krigen dy’t ik holpen haw. Witst, ik fiel my bytiden krekt oft ik op ’e nij berne bin. Ik fiel alles folle sterker en fyn alles sa moai.’

Se hat no in hiel oar libben as in pear jier lyn. Oft se noch ferlet hat om op ’e planken te stean? ‘Ik fiel dy drang net hiel bot. It artystelibben wie hektysk, de rêst en oarder dogge my goed en it jout my romte foar fierder herstel en om oare parten fan mysels fierder te ûntwikkeljen. Sa genietsje ik fan it skriuwen fan ferhalen.’ Se hat it teäterstik Ferlies yn lockdown skreaun en ien fan de ferhalen fan Uitgesteld geluk: Dyn libben op ierde sil ljochter wurde, basearre op har nije libben. Ek lêst se in oantal ferhalen fan oaren foar tidens de hûndert dagen fan Uitgesteld geluk

‘Ik sjoch wol wat der op myn paad komt. Foarhinne moast ik der altyd hiel bot oer neitinke, no wit ik yn ien sekonde oft yts by my past of net.’ Se fynt it skriuwen bytiden wol wat iensum. ‘Ik fyn ferbining mei minsken hiel moai en folgje no in oplieding yn komplemintêre geneeskunde om terapeut te wurden.’

Wat is gelok no foar har? ‘Wy minsken hawwe úteinlik allegearre itselde nedich tink ik, al kin de foarm ferskille. At ik nei myn holle harkje dan tink ik fan alles nedich te hawwen, mar as ik lústerje nei myn hert dan fiel ik dat it giet om de ferbining mei mysels en mei oaren, it is de leafde dy’t my lokkich makket. Us holle tinkt dat we dingen nedich hawwe, mar yn ús hert witte we dat dat net sa is.’

Tet by Uitgesteld geluk

Tet Rozendal lêst noch foar by Uitgesteld geluk/Utsteld gelok op sneon 16 july yn Wyns en snein 17 july yn Surhústerfean (beide tegearre mei Sjoerd van Beem), op woansdei 20 july yn Twizel en op sneon 13 augustus yn Obe/Ljouwert. Har eigen ferhaal ‘Dyn libben op ierde sil ljochter wurde’ is op 26 juny foarlêzen yn Bitgummolen en nei te lêzen en werom te harkjen op uitgesteldgeluk.nl.