Oooh
Earst in letter, dan in wurdsje,
foar’st it witst is it al in sin.
It begjin fan dyn ferhaaltsje,
mei in ein en in begjin.
It is oan dy
As fan no ôf alles oars wurdt
en neat bliuwt, sa’t it is.
Seisto dan: ‘Och, it sil wol.
Leau net dat ‘k dêrfan wekker lis.’
Fynsto dan: ‘Lit mar feroarje.
Ik meitsje my dêroer net drok.
Robots sille aanst wol foar my wurkje,
soargje foar myn sûnens, jild en lok.’
Of sjochtsto it eins al wat oars no,
omdatst ek eigen plannen hast.
En neitinkst oer dyn takomst,
yn in wrâld, dy’t by dy past.
Komst derby?
Op dizze bank bisto hiel wolkom.
Sko mar oan en kom der by!
Meist hjir flústerje, prate, sjonge.
Mar … meist ek swije, dat is oan dy!
Thijs Wadman
Oer de bank
Machiel Braaksma: ”De gemeente Súdwest Fryslân stelde út om in poëzybank foar bern te meitsjen, dêr’t skriuwer Thys Wadman en ik oer begûnen te brainstoarmjen. Thys stelde in situaasje foar mei in fraach en antwurd sadat de bank in aktive funksje krijt. Dêr assosearre ik op fierder en sa stuite ik op it idee foar in ring. As in portaal nei in oare wrâld, Alice yn Wûnderlân en yn foarm ek de letter ‘O’. ‘O’ kin ek in antwurd op in fraach wêze. Fierder sykjend kaam ik op ‘Oooh’. Dat is prachtich, want dat hat meardere betsjuttings mei utersten: ferwûndering, fernuvering, berêsting, entûsjasme, meilibjen, lilkens, ensfh. Sa ûntstie in ‘Oooh’ dy’t ta libben kommen is. Los fan it papier of fan in gedachte. In grutte letter ‘O’ is in holtsje of kûpee dêr’t men út de eigen bernewrâld wei nei de wrâld dêrbûten sjen kin. En de letter ‘h’ is eins in bank. De letters kinne fan alles wêze. Is de grutte ‘O’ in mem dy’t in twilling ‘o’ fêsthâldt: mei broer of sus ‘h’? Is it ‘hearren, sjen, swije’? Mei de ‘h’ foar hearre, de twa lytse ‘o’ s as eagen en de grutte iepen ‘O’ as de binnenkant fan in holle mei ‘swijen’? Is ‘Oooh’ in treintsje, koets of wûnderlik letterbist? It kin allegear. Thys nimt op ûntspannen, boartlike wize de bern mei yn 3 gedichten, dy’t oproppe ta fantasearjen en prakkesearjen.”
Oer de makkers
Dichter | Thys Wadman (1956) hat 42 jier wurke as learkrêft en as direkteur yn it basis-ûnderwiis. Doe’t hy meiwurke oan it ûntwikkeljen fan de Fryske taalmetoade ‘Studio F’ is er begûn mei it skriuwen fan gedichten en ferhalen foar bern. Mei it ferhaleboek ‘De oerwinnings fan Tido Houtsma’ wûn hy yn 2013 de Simke Kloostermanpriis. Syn boek ‘In Nije Heit’ kaam op de IBBY Honour List. No ’t er mei pensjoen is, hâldt er him wol gauris dwaande mei it skriuwen fan lietteksten, ferhalen en gedichten, foar bern en folwoeksenen. Fan him ferskynden: ‘De Fûgelklup’, ‘De oerwinnings fan Tido Houtsma’, ‘De bisteboel fan Omke Roel’, ‘De Hûneklup’, ‘In nije Heit’, ‘Jorrit en Philo begjinne in klup’, ‘Nee hast, ja kinst krije…’, ‘Heity! Help!’ Dêrneist makke hy yn 1997 in boek oer syn heit: Anne Wadman (1919-1997).
Byldzjend keunstner | It wurk fan Machiel Braaksma hat in licht dadaïstyske ynslach. Hy plukt dingen út it deistich libben, montearret se op ‘e nij en skept sa mei it nije byld dat ûntstiet, situaasjes dy’t hilarysk, oandwaanlik, betiizjend, relativearjend of bekommentariearjend binne. Troch te assosiearjen leit hy ferbannen tusken saken dy’t gewoanwei net in soad mei-inoar te krijen hawwe. Dat fertaalt him û.o. yn teksten, kollaazjes en bylden yn allerhanne foarmen. “Ik besykje altyd tsjinoerstelde begripen yn ien byld te ferienigjen. In byld moat sawol ynbannich as útsprutsen wêze, wat iepenbierje en ferstopje, antwurden jaan en fragen stelle, en, sûplesse etalearje troch logika en gekte hân yn hân gean te litten.”
Mei tank oan
Provinsje Fryslân, Gemeente Súdwest-Fryslân, Walter Baas, Blowups Reclame objecten BV Heijen
Foto: Hoge Noorden | Jacob van Essen