12 km bank © Hoge Noorden | Jacob van Essen

Gedicht: Gebrúksanwizing

Stap 1: Tel hoefeul stappen d’r in de Ouwe-Dyk passe  

Stap 2: Soek naar ‘t lichtknoppy dat ‘t útsicht anset 

Stap 3: Fraag nooit hoe oud ‘n dyk is  
de nullen binne met meer dan’t je dinke en meskien  
binne die sachter in fraagtekens  

Stap 4: Fier de wyn  
altyd, in welke form die ok komt  
(hard, sacht, folút, twivelig)  

Stap 5: Beloof datst nooit meer foto’s maakst met dyn tillefoan  
fan nou ôf inkeld nag met de ogen  
(en ‘t liefst fan de dingen die’t gyneen siet)  

Stap 6: Lêg dyn gedachten as ‘n meetlint bij de lingte fan de dyk del  

Stap 7: Set fraagtekens achter alle sinnen die’tst de ôflopene twee jaar  
útsproken hest in publike rúmtes  

Stap 8: Stap over dyn ego hine en doen as atst ‘n irpel bist  

Stap 9: Bou ‘n huus dat út meerdere laachys bestaat  
(as ‘n ferrassingstaart)  

Stap 10: Tel ôf, ferstop dy tussen ‘t goud fan de maiskolven  
(at se hoog en hest oogst)  
opsjoneel: tel de koppen die’t boven ‘t maaifeld  

Stap 11: Slaan over, krop dyn gefoelens niet op maar  
maak se ok niet groater dan at se binne  

Stap 12: Bedink ‘n woord dat rymt op ‘twaalf’  
soek ‘t, maar fyn ‘t niet 

Sannemaij Betten
(oersetting: Gerard de Jong)

Oer de bank

Machiel Braaksma: “Wy sjogge hjir út op ‘de langste strjitte fan Nederlân’: 12 kilometer lang. Dat is in bysûnder gegeven. In bank ûntwerpe op basis fan de lingte fan de dyk like my echt te gek. Ik woe de hiele ôfstân ‘sammelje’ troch de 12 kilometer op te dielen yn 12 latten en de dyk middels de bank ‘komprimearje’. Soks as it ticht en opinoartearen fan in lânkaart, of tomstôk, mar dan no troch horizontale latten dy’t je fan boppen nei ûnderen ‘lêze’ kinne. Dit plak teart als hast sels in ferhaal iepen yn byld, tinzen en belibbing. Prachtich ek wat Gerard de Jong – de oersetter fan it gedicht yn it Biltsk – opmurk: ‘mei in betonnen loper’. Hielendal ‘des Bildts’ tink ik, want letterlik rjocht-út-rjocht-oan. Sannemaj Betten hat foar dizze bank in prachtich gedicht skreaun: fernimstich, spannend en yntrigearjend. Foar elke kilometer, elke stap, skreau se in briljante ynfolling. It gedicht liket in soarte ‘gids’ foar de omjouwing en dyn mindset, wêrtroch’t dyn sintugen, gefoel en tinkwize útdage wurde. De bank is dêr in ferlingstik fan yn de foarm fan resolute fisuele poëzy.”

Oer de makkers

Dichter | Sannemaj Betten (dy / harren, 29 jier) is wurdkeunstner en teätermakker en opgroeid yn Sint-Jabik. Sannemaj siket yn dy syn wurk de dingen op dy’tst leaver mei rêst litte wolle soest. Dy lit harren dan sjen sa’t se binne: rau, puer en bitter (in bytsje lykas sûkelade soms smakket). Ek fynt harren it wichtich om minsken út te nûgjen om harren eigen ferhaal te fertellen, om op syk te gean nei dyn eigen stim. Sannemaj hat fan dy syn 16e ôf op ferskate (literêre) poadia troch it hiele lân stien (Oerol, Wintertún, Explore the North, Frontaal, NK Poetry Slam).

Byldzjend keunstner | It wurk fan Machiel Braaksma hat in licht dadaïstyske ynslach. Hy plukt dingen út it deistich libben, montearret se op ‘e nij en skept sa mei it nije byld dat ûntstiet, situaasjes dy’t hilarysk, oandwaanlik, betiizjend, relativearjend of bekommentariearjend binne. Troch te assosiearjen leit hy ferbannen tusken saken dy’t gewoanwei net in soad mei-inoar te krijen hawwe. Dat fertaalt him û.o. yn teksten, kollaazjes en bylden yn allerhanne foarmen. “Ik besykje altyd tsjinoerstelde begripen yn ien byld te ferienigjen. In byld moat sawol ynbannich as útsprutsen wêze, wat iepenbierje en ferstopje, antwurden jaan en fragen stelle, en, sûplesse etalearje troch logika en gekte hân yn hân gean te litten.”

Mei tank oan

Provinsje Fryslân, Gemeente Waadhoeke, Walter Baas, Duropanel Eindhoven, Stedon Leeuwarden
Foto: Hoge Noorden | Jacob van Essen