Ien fan ús doelstellingen is om literatuer tagonkliker te meitsjen. Dat dogge wy ûnder oare troch op ferskate plakken yn Fryslân literêre banken te pleatsen. Hjir komme literatuer en byldzjende keunst byinoar op in wize dy’t past by it plak. Mei de banken wurde ynwenners en besikers op in leechdrompelige wize ferrast mei poëzy.
Yn 2022 ûntwikkele Ljouwert UNESCO City of Literature har earste bank, yn opdracht fan Gemeente Ljouwert. Dizze bank makket diel út fan it projekt Sprekende stenen. Op 16 april 2025 waarden fiif nije banken ûntbleate. Dy hawwe wy realisearre yn opdracht fan de provinsje Fryslân en yn gearwurking mei Gemeente Noardeast-Fryslân, Gemeente Waadhoeke, Gemeente Ljouwert, Gemeente Hearrenfean en Gemeente Súdwest-Fryslân.
Op dizze side kinst mear lêze oer de fiif nijste banken: de lokaasje, de bio’s fan byldzjend keunstner en belutsen dichter/skriuwer en it gedicht datst op de bank lêze kinst. Alle ynformaasje is beskikber yn it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Oer de eardere bank kinst hjir mear lêze.
Besjoch it plak fan de literêre banken ek op ús kaart.




