Literatuer op in (eilân)poadium - Leeuwarden City of Literature

Mei festivals as Explore the North yn Ljouwert en Meet Me at the Lighthouse op Skiermuontseach krijt it noarden in hieltyd fêstere foet oan literêre grûn. Hoe dije beide festivals yn it hjoeddeistige literêre lânskip? En wat binne de plannen foar de takomst? LETTER spruts mei algemien direkteur Mark Hospers (ETN) en saaklik lieder Jenneke Harings (MMATL).

Tekst en portretten: Lieke van de Krommenacker | Foto: Romy Dam

Literatuer, dat is al lang net mear allinnich boeken en bondels. Dêr binne Mark Hospers en Jenneke Harings it hielendal oer iens. Hy stiet sûnt 2016 oan it roer fan stedsfestival Explore the North yn Ljouwert. En ûnder lieding fan Harings fûn koartlyn de twadde edysje fan Meet Me at the Lighthouse plak op Skiermuontseach. Wêr’t beide festivals in oar yn fine: in ûnmjitlike leafde foar taal en literatuer, dy’t se fol oertsjûging oer it fuot- en fjoertoerljocht bringe.

Dêr moatst soms wat muoite foar dwaan, as dyn stânplak yn in stêd yn it noarden is – of op in eilân. Lykwols is der de ôfrûne jierren, mei tanksij it festival en it produksjehûs dat ETN sûnt 2016 ék is, yn Fryslân en dêrbûten in hiele generaasje jonge makkers opstien. Makkers lykas Joost Oomen en Iris Dicke, dy’t de grinzen fan literatuer oprekke en harren proaza en poëzy ferheffe ta poadiumkeunst. Dy’t tinke en doare bûten de bewende paden. Presys sa’t Hospers en Harings it graach sjogge. 

In rol bûten it boek

Hospers: ‘Us literêre útgongspunt is: bist in skriuwer, wat wolst meitsje en hoe jouwe wy dat in poadium? En net: bist skriuwer en hast in boek skreaun; hoe bringe wy dat nei it publyk?’ Boeken, bondels, mar ek podcasts, teäter, spoken word en harkspullen: it kin allegear literatuer wêze, wol ek Harings hawwe. ‘Foar ús is it skreaune miskien wol it útgongspunt, om’t wy de skriuwers útnûgje om wat se skreaun hawwe. Mar literatuer hat ek in rol bûten it boek: it kin wat yn gong sette, yn hokker foarm dan ek. Wy rjochtsje ús op universele tema’s lykas natuer, ekology en klimaat; dêr kinne de skriuwers in wichtige bydrage oan leverje.’

Dêrby ferbynt literatuer minsken, plakken en dissiplines mei-inoar. Nim de besite fan skriuwer en byldzjend keunstner Miek Zwamborn oan MMATL ferline jier. Wenjend op it Skotske Isle of Mull, late se de eilanner Lêsklup, dêr’t oan ’e hân fan har wurk fraachstikken oer toerisme, boeren en wetter op it aljemint kamen. ‘Allegear dingen dy’t ek op Skiermuontseach spylje,’ seit Harings.

Undersyk nei it Planetarium

Wichtich foar beide festivals is it yn byld bringen fan de ‘hiele keten’, oftewol it programmearjen fan likegoed jong talint as (mear) fêstige skriuwers. Sa binne op ETN Tsead Bruinja en Joke van Leeuwen te sjen, mar ek nijkommers as Fardau Nijboer en Gabriëlle Terpstra. Dy beide Fryske talinten presintearje mei de Flaamske auteurs Shimanto Reza en Ka(a)te Dejonckheere it resultaat fan it projekt De Verwonderkamer; in residinsje fan twa wiken yn de Westertsjerke. Dêr hat it fjouwertal ûndersyk dien nei it Planetarium fan Eise Eisinga en besocht de (ûn)einichheid fan it libben – dit jier it tema fan ETN – te trochgrûnjen. De residinsje is ien fan de talintûntwikkelingstrajekten dy’t ETN op poaten set hat. 

Ek Harings ûnderstreket it belang fan it belûken fan jonge skriuwers by it festival. ‘Dy besykje wy safolle mooglik út it noarden te heljen. Mar dêrneist binne wy hiel bliid dat ek skriuwers as Adriaan van Dis en Sacha Bronwasser komme woene.’ Dy lêste sil as writer in residence yn desimber noch in moanne op it eilân ferbliuwe. Ferline jier hie Libriswinner Mariken Heitman dy eare. Har ferbliuw hat laat ta it boekje Weten waar de fazanten slapen, dat dit jier op MMATL presintearre is.

Iepen grinzen

Fansels wurdt der ek sjoen foarby de grinzen fan it eilân, it noarden en it lân. Troch skriuwers út oare lannen út te nûgjen, mar ek troch de doar iepen te setten foar elkoar en oare festivals en organisaasjes. Mei tank oan ferskate gearwurkingen, kin ETN troch it jier hinne literêre aktiviteiten programmearje.

In foarbyld dêrfan is Hoge Woorden, it nije spoken word-poadium yn Fryslân, dat yn oparbeidzjen mei Leeuwarden UNESCO City of Literature (CoL) en spoken word-artyst Marrit Jellema realisearre waard. En mei tank oan it ynternasjonale projekt LIT-UP, in Europeesk inisjatyf om literatuer yn minderheidstalen better ûnder de oandacht te bringen en dêr’t ek CoL by belutsen is, koe MMATL ûnder oaren de Sloveenske skriuwer Pia Prezelj programmearje.

Harings: ‘As nij festival moatte wy foaral meters meitsje, soargje dat wy op in soad plakken sichtber binne.’ Dat betsjut ek útrikke nei kollega’s. ‘As wy wat yn ’e simmer dwaan wolle, kinne wy it tsjil besykje út te finen, of wy freegje oan Mark: wat ha jim allegear dien en wat past ek by ús? It helpt ús, mar jout ek makkers de kâns om bûten de festivals om op in poadium te kommen.’

Skulpen mei ferhalen

Foar de kommende jierren hawwe Harings en har team genôch wylde ideeën, fan in strân fol skulpen dy’tst oppakke kinst om in ferhaal te hearren, oant it belûken fan it Dútske en Deenske waad by it festival. ‘En it jier rûn programmearje, lykas by ETN, dat is yn elk gefal in winsk dy’t op it eilân libbet.’ Hoe’t Hospers de takomst sjocht? ‘Us festival wurdt hieltyd mear in plak dêr’t alles byinoar komt wat wy troch it jier hinne dogge, mei lokale, nasjonale en ynternasjonale gasten. Gasten dy’t sliepen bliuwe en ûnder de yndruk binne fan wat Ljouwert as literatuerstêd te bieden hat. Hooplik kinne wy in bytsje de Eurosonic fan ’e letteren wurde.’

Sawol Meet Me at the Lighthouse as Explore the North wurden holden yn novimber. It festival op Skiermuontseach hat krekt west, Explore the North is yn it wykein dat LETTER ferskynt. Fan PiaPrezelj, ien fan de LIT-UP-skriuwers dy’t oanwêzich wie op MMATL, lêst hjir in koart ferhaal. Mear oer de festivals fynst op mmatl.nl en explore-the-north.nl