Lêst fan in iendiminsjonale blik - Leeuwarden City of Literature

De Culturele Apotheek biedt literêre bystân

Betrapest dysels ek geregeld op yrritaasje rjochting minsken mei oare opinys as dosels? Op ûnbegryp oer karren dy’t dyn meiminsken meitsje wylst it yn dyn eagen sa dúdlik as wat is dat dy ferkeard binne? Fûnst dysels altyd sa romtinkend, mar fielst dat der no geregeldwei in gnoarrige stivens oer dy hinne weaget? Dat is skoan te begripen, hear. Yn dizze tiden fan polarisaasje is it dreech om dy net meislepe te litten yn it útsprutsen-mieningen-sirkus. It swart-wyttinken bloeit oerdiedich en it falt net ta om de nuânse te koesterjen. Wylst wy minsken fansels allegear ferskillende ûnderfiningen hawwe, ferskillende langsten en motiven dy’t ús driuwe, ferskillende útdagingen om oan te gean. 

Gelokkich is dêr de literatuer dy’t ús wer mei wat mear moederaasje en sêftens nei de oar sjen litte kin. Dy empaty-oanjager dy’t it mooglik makket dy yn ’e holle fan in oar te ferpleatsen, yn syn libben, har fielen. Dy frisse wyn dy’t dy út dyn eigen bûle blaast. Dy skatkeamer fol ferhalen fan fier en hein, mei al dy stimmen dy’t klinke út al dy ferskillende kielen.

Lês dus, en sjochst fuort mear kleur!

Wolst wat serieuzer wurk meitsje fan dyn ûntfanklikens foar de polyfony om dy hinne? Nim dan om te begjinnen it gedicht ‘Eén boom’ yn, fan de Surinaamske dichter R. Dobru (út de bondel Matapi, Cassavepers 1965). Dat begjint mei dizze strofen:

Eén boom
zo veel bladeren
één boom.

Eén rivier
zo veel kreken
allemaal gaan ze naar de zee. 

En it einiget sa:

Eén Suriname
zoveel soorten haar
zoveel huidskleuren
zoveel talen
één volk

Fíelst dysels iepengean, dochs? 

Lês dan foar noch in doasis mearstimmichheids-searum Als niet dan zou, fan de Skotse skriuwster Ali Smith (Mouria, 2011). Yn dy novelle docht in man wat tige ûnbegrypliks, nammentlik himsels opslute yn de útfanhuzerskeamer by ien dy’t er suver krekt tsjinkaam. Dagen, wiken, moannen lang komt er der net út. Wat beweecht him? Fjouwer minsken dy’t elk op in oare wize by de situaasje belutsen binne, hawwe elk sa har hiel eigen ideeën hjiroer. Betiizjend, of hawwe se mooglik allegear in bytsje gelyk?

Kinst wol in wat mear maatskiplike ferskaatsoanfitering brûke, gun dysels dan it fernoegen fan Meisje, vrouw, anders van Bernardine Evaristo (De Geus, 2020). Evaristo lit dy yn ’e kunde komme mei tolve sprankeljend froulju fan kleur, fan in selsfoarsjennende 93-jierrige boerinne op it Britske plattelân ta in jonge non-binêre influencer. In boek dat op  humoristyske wize koarte metten makket mei it suchtsjen oer ferskaatstinken.

De Culturele Apotheek en Ljouwert UNESCO City of Literature smieten dit jier de lapen gear yn it ramt fan it Frysk Lêsoffensyf. It doel: mei fernijende lêsinisjativen ek (jong)folwoeksenen stimulearje om mear te lêzen. De Culturele Apotheek dûkt rûnom yn de provinsje op mei pop-uo sprekoeren ‘Boeken op Resept’, wy sille temalêze mei jongfolwoeksenen én sette yn hiel Fryslân samenleesgroepen op.