Go with the FLO - Leeuwarden City of Literature

Tekst: Berber van Oyen-Peenstra | Yllustraasje: Michiel Kloppenburg

It ‘Fries Leesoffensief’ (FLO) brûkt lêswille as wapen yn ’e striid tsjin letterswakkens en ûntlêzing. Wêrom stride? In soad en dêrtroch goed lêze helpt ús om dingen better te begripen. Lykas wurkynstruksjes, bysluters fan medisinen en (digitale) oerheidsynformaasje. Mei-inoar gean wy foar in lêsbeweging. Net troch lompe fragen en brute krêft, mar mei in sjarme-offinsyf.

Drokdrokdrok

Hieltyd mear minsken – en foaral jongeren – ha net folle lol yn lêzen. Se binne wend oan koarte teksten, ha net goed genôch lêzen leard, ha der neat mei of binne altyd drokdrokdrok. Fryslân stiet no yn ’e top-3 fan provinsjes mei it heechste persintaazje letterswakken. Dat betsjut 1 op ’e 7 folwoeksenen. Heech tiid foar aksje dus!

Boeken slope

In earste groep organisaasjes hat yn 2023 in aksje-aginda opsteld. Dêryn stean inisjativen om Friezen (mear) lêze te litten. Sa set CSG Bogerman de Biblioteek op skoalle yn, binne de Fryske biblioteken begûn mei in lesserige ‘sloop dit boek’ en wol Firda alle dagen lêzen op it roaster sette. Fynst de aksje-aginda op friesleesoffensief.nl. Kinst dêr ek kontakt opnimme, bygelyks ast oanheakje wolst.

Omtaret lêze

Ljouwert City of Literature wol graach – hiel praktysk – elkenien helpe dy’t de ynspiraasje mist om wer ris in boek op te pakken. Dat dogge wy troch LETTER te meitsjen en troch mei de Culturele Apotheek lêsadvys-sprekoeren te organisearjen. Boppedat sette wy begjin 2024 útein mei Mei-inoar lêze; lêst dan sûnder wat foar tarieding dan ek yn in groep in ferhaal en praatst dêr dan mei-inoar oer.

Sintraal stiet dus lêswille. Dat nimt ta ast sels bepaalst wat en wêr’tst lêst en dyn erfaringen mei oaren diele kinst. Ek stimulearret it ast fernimst dat lêzen dy ferriket: kinst hieltyd better lêze! En: witst hieltyd mear, bygelyks oer (hiel ferskillende) minsken en ûnderwerpen.

Michiel Kloppenburg (1984) is freelance yllustrator en animator en wennet yn Jelsum. Syn styl kin omskreaun wurde as kleurryk, boartlik en minimalistysk. Michiel wurket graach oan projekten dy’t te krijen hawwe mei duorsumens en natuer. Hy is mei-oprjochter fan Motiontales, in animaasjestudio dy’t komplekse ynformaasje begryplik makket mei animaasje en motion design. Ek is er mei-oprjochter fan Level Up Coworking, in coworking space yn Ljouwert foar kreative freelancers.