Gedicht Sytse Jansma - Leeuwarden City of Literature

dat dit ta de mooglikheden hearde

dat dit ta de mooglikheden hearde,
koenen we witte doe’t we oan elkoar begûnen,
sûnder de minste muoite wûnderen we it deistige
omheech, ferwaarmden we de smoar yn ús hollen
wat der doe barde: tûzen reade triedden,
as waarme maitiidsrein, fersûpten de grûn efter
dyn eagen en doe waardst meinommen,
sa is it gongen, sêfter as dit kin ik net


Dit is in foarpublikaasje út de Nederlânsktalige bondel Rozige maanvissen fan Sytse Jansma, dy’t yn jannewaris 2024 ferskynt by Atlas Contact. Spesjaal foar LETTER sette Jansma it gedicht dat dit tot de mogelijkheden behoorde oer yn it Frysk. Yn 2016 krige de freondinne fan dichter Sytse Jansma op twaëntichjierrige leeftiid in harsenblieding. Se ferstoar ûnferwachts en Jansma besleat om syn rouproses fêst te lizzen, om har sa ticht by har te hâlden. Yn in roesreis fan gedichten folget er syn leafste fan har ferstjerren ôf, yn deiboekfersen, eroatyske oantinkens, brieven en muzikale hjirnamaalsfariaasjes. Rozige maanvissen is in oangripende syktocht nei treast, akseptaasje en it libben. Nei in Frysktalige dichtbondel en in twatalige bondel Nederlânsk-Frysk is dat it debút fan Jansma yn de Nederlânske literatuer.

Sytse Jansma (1980) wennet yn Harns en is twatalich dichter en byldzjend keunstner. Syn wurk ûnderskiedt him as eksoatysk, byldryk en eksperiminteel. Mei syn poëzy siket er faak cross-overs mei oare keunstfoarmen: muzyk, teäter en byldzjende keunst.

Foto: Fjodor Buis | Omslachbyld: Nanja Toebak