Dizze simmer publisearje de Leeuwarder Courant en literêr tiidskrift de Moanne seis koarte ferhalen, lietteksten en gedichten fan oanstoarmjend Frysk skriuwtalint. De skriuwers bûgden har oer it tema ‘de kleau – de kloof’.

De bydragen ferskine alle sneonen yn de Leeuwarder Courant en op de webside fan de Moanne. Op 11 oktober is ‘De kleau’ te sjen yn de Stadskas, by Explore the North.

Oant no ta binne ferskynd:

De kleau 1: Raymond Muller
De kleau 2: Nicole van den Berg
De kleau 3: Preston Losack
De kleau 4: Mees van Rijswijk

illustraasje: Sietske Harkema by it ferhaal fan Nicole van den Berg