De Ljouwerter wethâlder fan ûnderwiis Abel Reitsma hat sneontemiddei 3 oktober 2026 de 72ste Rely Jorritsmaprizen útrikt yn teaterstjerke It Mammemahûs yn Jellum. Foar de Rely Jorritsmapriisfraach binne dit jier 34 ferhalen en 57 gedichten ynkommen.
De sjuery, besteande út Gerbrich van der Meer (foarsitter), Reitze Jonkman en Yvonne Dijkstra dy ’t de ynstjoeringen anonym ta beoardeling krige, hat 1 ferhaal en 4 gedichten bekroand.


It winnende gedicht fan Geart Tigchelaar (Jorwert) hat gjin titel. De oare winnende gedichten binne De seepappegaai seit: ‘Uhh…’ fan Janneke Spoelstra (Alde Leie), Reidseame fan Marije Roorda (Broek) en Skilderles fan Pim Rodenboog (Aldebildtsyl).
It winnende ferhaal is In Portugeesk ythûs fan Sytse Jansma (Harns).

It sjueryferslach en de winnende gedichten en ferhalen binne opnommen yn it spesjale Relynûmer fan Frysk literêr tydskrift Ensafh (jiergong 18, nûmer 5, 2026)

Rely Jorritsma (Jellum, 11 febrewaris 1905 – Ressen, 1 oktober 1952) wie in Nederlânsk / Frysk dichter / skriuwer. Yn syn neilittenskip is bepaald dat dizze literatuerpriis alle jierren útrikt wurde soe.

Foto: © Piet Douma | Rely Jorritsma Fûns
flnr: Abel Reitsma (Wethâlder gemeente Ljouwert, priisútrikker), (priiswinners) Sytse Jansma, Geart Tigchelaar, Marije Roorda, Janneke Spoelstra, (sjueryleden) Gerbrich van der Meer (fs), Reitze Jonkman en Yvonne Dijkstra.