De briefwikseling tusken Arjan Hut (Dichter fan Fryslân) en Marrit Jellema (stedsdichter fan Ljouwert) hat in eigen foarmjouwing krigen. Foar dizze searje, wêryn’t de twa inoar skriuwe oer wat se belibje, binne spesjale yllustraasjes makke.

De makker, Eke Koch, hat de yllustraasjes earst út papier snien en se dêrnei ynskand. Dêrmei is it in kombinaasje fan analooch en digitaal wurk wurden.

Alle brieven binne ûnderwilens foarsjoen fan in postsegel! It measte resinte diel fan de briefwikseling lêst hjir.