Dit jier fynt de 30e edysje fan de Biennial of Illustrations Bratislava (BIB) plak. De tentoanstelling sil te sjen wêze fan 3 oktober 2025 oant 10 jannewaris 2026 yn Bratislava yn Slowakije. IBBY-Nederland fersoarget op’e nij de seleksje en ferstjoeren fan orizjineel wurk fan Nederlânske yllustratoaren.
Yllustratoaren of útjouwerijen dy’t in boek ûnder de oandacht fan ús seleksjekommisje bringe wolle, kinne foar 17 maart de titel(s) oanmelde en in eksimplaar fan it boek oan IBBY-Nederland stjoere. Mail nei prijzen@ibby-nederland.nl om titels oan te melden. De boeken meie opstjoerd wurde nei: IBBY secretariaat, Etienne de Pinedaweg 29, 3711 CH Austerlitz.
Foar mear ynformaasje en de betingsten foar dielname, klik hjir. Op de webside fan IBBY-Nederland kinst mear lêze oer de BIB en de seleksjes en Nederlânske winners fan eardere jierren.