Wa skriuwt in fers foar 12-18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? It is ornearre foar FeRstival, de Fryske foardrachtwedstriid dêr’t alle jierren sa’n 75 learlingen oan meidogge. Graach wol organisator Cedin foar de edysje fan ’25-’26 wer in FeRsefariaasje-bondel gearstalle mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde.

In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde dy geskikt achte, dan sille se bondele wurde yn FeRsefariaasje. Dat boekje wurdt nei de simmerfakânsje nei de skoallen stjoerd. Der binne trije doelgroepen:

– Starters: 1ste klasse, dus 12/13 jieR
– Trochsetters: 2de en 3de klasse, dus 14/15 jier
– Toppers: 4de klassers, MBOers en HBOers, 16/17/18 jier.

De útdaging is fansels om hjoeddeiske tematiken te ferwurkjen en út it perspektyf fan de jongeren wei te skriuwen. Ferline jier keazen de Starters bygelyks opfallend faak it gedicht Nije jas fan Berber Spliethoff. In net al te dreech gedicht mei in tema dat foar skoalgeande jongerein werkenber is. De groep Toppers kin al hiel wat oan en kiest faak moderne poëzij.

De fergoeding is € 75,- it gedicht as de karkommisje in fers útkiest. Bydrages kinne oanlevere wurde oant 3 maaie o.s. fia ferstival@cedin.nl

FeRstival hopet wer in soad fersen binnen te krijen. Neat moaier as dielnimmers dy’t nij wurk foardrage!

———————————————————-

Skriuwgroep FeRstival

Wolst ek gedichten skriuwe foar FeRstival, de Fryske foardrachtwedstriid foar middelbere skoallen, mar soest by it skriuwproses graach feedback krije fan oare dichters? Of fynst it gewoan moai om wat djipper yn de foardrachtkultuer te dûken? Slút dan oan by de Skriuwgroep FeRstival, in groep dichters dy’t ûnder lieding fan Dichter fan Fryslân Arjan Hut oan ‘e slach giet mei it skriuwen fan gedichten dy’t geskikt binne om foar te dragen. Mei de groep wurde de gedichten bepraat en dielnimmers jouwe inoar tips. 

Datums: tiisdei 25 maart, 1 april, 8 april en 15 april
Tiid: 19.30 oere
Lokaasje: Tresoar, Gysbert-Japicxseal
Kosten: fergees

Der is plak foar maksimaal 12 dielnimmers. Oanmelde kin oant 15 maart 
by Arjan Hut, a.j.hut1976@kpnmail.nl. 

———————————————————-

foto: Piet Douma