Foar ús simmer (lês)magazine LETTER binne wy op syk nei favorite plakken om te lêzen!

Wêr jousto dy graach del mei in boek of e-reader? Miskien is dat in fêst, foar de hân lizzend plak lykas in bank of bêd. Of miskien is it in hiel spesifike lokaasje. Dat iene bankje yn dat hearlike park. Of dy bysûndere biblioteek, ferline jier op fakânsje. Graach krije we sawol fêste as unike lêslokaasjes fan dy troch. Dat kin oant en mei 3 juny o.s. en yn elke winske taal.


foto: Mathias North – Unsplash