Fan oktober oant en mei desimber 2023 giet Tryater by sân Fryske fanfares del foar de foarstelling Ynblaze. In unike gearwurking tusken lokale amateur-muzykferieningen en Tryater. By de foarstelling wurdt der in oanfoljend programma (Tryater Rûnom) organisearre foar ynteressearre skriuwers. Besjochst de foarstelling en dochst mei oan in skriuwworkshop. 
 
Wat we dwaan sille
As dielnimmer fan dizze workshop giest yn petear mei muzikanten fan Fryske fanfares. Wêrom giet immen alle wiken nei de repetysje? Wat driuwt him of har? Yn tarieding nei Ynblaze ta hawwe skriuwer Wessel de Vries en regisseur Tatiana Pratley lyksa yn petear west mei in tal fanfareleden. Dizze petearen hawwe ta ynspiraasje tsjinne foar de foarstelling. Yn de workshop wolle we ûndersykje hoe’tst in nijsgjirrige monolooch skriuwst. Hoe fertelst eat sûnder it der oer te hawwen? Hoe hâldst it spannend? Dyn tekst sil tentoansteld wurde yn de foyer fan Tryater en letter ek brûkt wurde yn in podcast! 
 
De workshop wurdt oanbean yn kombinaasje mei in besite oan Ynblaze. Do meist sels kieze hokker dei ast dei ast foarstelling sjen wolst. Sjoch dêrfoar op de website fan Tryater. 
 
Wat foar dy? 
Troch dy op te jaan foar dit skriuwaventoer dûkst yn de tematyk fan de foarstelling en silst oan ‘e slach om in nijsgjirrige monolooch te skriuwen. Dat mei sawol yn it Nederlânsk as it Frysk. Dus hâldst fan skriuwen en teater? Fynst it leuk om oare skriuwers te moetsjen? Dan giet Tryater graach mei dy oan ‘e slach. 
 
Oanmelde
De foarstelling is op sân ferskillende plakken te besjen. Sjoch derfoar de webside fan Tryater. De workshop sil hâlden wurde op woansdeitejûn 8 novimber (19.30 – 22.00 oere). Wês der gau by, want der kinne maksimaal 7 skriuwers meidwaan. 
 
Meidwaan? Jou dy dan op foar 8 oktober troch in mail te stjoeren nei Sytse Jansma (s.jansma@tryater.nl). Dêrnei krijst mear útlis. Kosten: €17,50 (foarstelling en workshop). 
 
Mear ynfo:

Foto: Tryntsje Nauta