Yn de boppebou fan havo en vwo fan Piter Jelles sille wy de kommende tiid mei de learlingen boeken oer de Twadde Wrâldoarloch lêze en beprate. In protte Fryske boeken binne net mear te krijen, en seker net op papier. Dêrom dogge wy in oprop.

Wy sykje om boeken op papier. Digitale boeken foar de jongerein binne der wol. Wy wolle se graach de gelegenheid om boeken op papier te lêzen. It tema fan de boeken is de Twadde Wrâldoarloch. Alle boeken oer dat tema binne mear as wolkom.

Wy hoopje dat minsken ús helpe kinne mei boeken dy’t ergens yn de kast steane, op souder lizze en net mear lêzen wurde.

Foar mear ynformaasje en kontakt kinne jim maile mei de dosinten Meindert Reitsma (mreitsma@pj.nl) en Albertina Soepboer (asoepboer@pj.nl)