Arcadia 2028 set jongerein sintraal, mei harren ideeën, enerzjy en blik op de takomst. Om dy ideeën fierder te bringen, docht de projektorganisaasje Arcadia in iepen call.

Wa kinne meidwaan?

Profesjonele keunstners, ûntwerpers en makkers tusken de 25-35 jier mei in fiergesicht foar Fryslân, kinne meidwaan. Wurdst selektearre, dan krijst in ûntwikkelbudzjet fan € 5.000 en begelieding fan Arcadia om dêr mei-inoar in sterk plan fan te meitsjen.

Alle ynformaasje en de betingsten stean op: https://arcadia.frl/open-call-makers-met-een-fiergesicht-voor-fryslan/

Foto: Christian Kaminga