Fan 1 july o/m 31 augustus 2020 is de ‘VakantieBieb’ wer iepen. Yn dizze app kinne Nederlanners dizze simmer njonken e-books ek genietsje fan lústerboeken. Mei de VakantieBieb belibbet elkenien in simmer fol ferhalen, jong en âld, lid of gjin lid fan de Bibliotheek.

Der binne tsientallen e-books en lústerboeken te finen, fan spanning oant chicklit en fan literatuer oant ynformatyf. Foar de jongste lêzers is der bygelyks SuperDolfje fan Paul van Loon en binne der ferhalen fan Guusje Nederhorst en Jacques Vriens. Jongeren genietsje fan boeken as Instagirl fan Annette Mierswa en Klem fan Mel Wallis de Vries. Ek foar folwoeksenen is der in soad moais: tink oan Otmars zonen fan Peter Buwalda of De kleine bakkerij aan het strand fan Jenny Colgan. 

Winaksje foar jonge lêzers

Ek dizze simmer is der in winaksje foar lêzers oant en mei 18 jier. Hja meitsje kâns op in Beats Solo Pro-koptillefoan as se trochjouwe wat harren favorite boeken yn de VakantieBieb binne.

App is fergees

De VakantieBieb-app mei e-books en lústerboeken is fergees beskikber yn de App Store en yn Google Play. It is in tsjinst fan de online Bibliotheek en wurdt troch de KB oanbean út namme fan alle biblioteken yn Nederlân.

Nei VakantieBieb